thumb|left|J. Maarleveld (2e links) yn it telefyzjespul De donkere kant fan de aarde, 1960 Jakob Johan Maarleveld, meast Jaap Maarleveld (Flaardingen, 11 maart 1924 - Amsterdam, 28 septimber 2021) út Fryske Peallen wie akteur en oprjochter, en mei syn frou, artistyk lieder fan it noardlik toanielselskip de Noorder Compagnie (1966). Yn 1976 droech er de lieding oer oan Z. Kraus.

Hy gie nei toanielskoallen yn Amsterdam en Parys, debutearre yn 1947 by it Rotterdamsk Toaniel fan Ko Arnoldi. Tusken 1950-1953 spile er by it selskip Puck yn Amsterdam, tusken 1952-1956 by it ABC-kabaret fan Wim Kan. Fan 1956-1959 by de Nederlânse Comedie, trije jier freelance.

Hy waard sûnt 1962 bekend fan telefyzje troch syn haadrol yn de bernerige Okkie Trooy út de jierren '60 fan de 20e iuw. Ek liende er syn stim foar ferskillende harkspullen. Yn 1964 krige er in stúdzjebeurs foar de Sorbonne. Sette in soad toaniel oer, benammen út it Frânsk. Dêrnei hie er in roltsje yn de populêre searje Floris dêr't er de rol fan Karel fan Gelre spile. Maarleveld wie ek te hearren yn it troch him oersette en bewurke harkspul Dood van een vrijgezel dêr't er de frijfeint spile.

Oant de jierren '90 waard it wat stiller, oant er de rollen krige yn ûnder oare De Bunker (1992) en Kruimeltje (1999). Fierders hie er in oantal gastrollen yn de telefyzjesearje Baantjer. Sûnttids is hy - benammen troch syn hege leeftiid - benammen te sjen yn gast- of lytsere rollen. Hy wie troud mei de aktrise Manon Alving (1923-2010).

Filmografy 1962 - Okkie Trooy - Okkie Trooy 1968 - Floris: Het gestolen kasteel - Karel fan Gelre 1992 - De Bunker - Van der Stam 1998 - Baantjer: De Cock en de moord in de politiek - Barend Zoomers 1999 - Kruimeltje - Alde buorman 2002 - Baantjer: De Cock en de moordfilm diel 1 en 2 - Max de Vries 2003 - Sloophamer - Jaap van den Berg 2007 - Spoorloos verdwenen: De verdwenen stiefmoeder - Samuel Cohen 2009 - De Co-assistent: Menear Poelstra (Ofl. Een oude vriendin, 2009) 2010 - SpangaS - Menear van Dam 2012 - Van God Los: De Hear van Klaveren (Ofl. 3 Bitch Fight) 2013 - One Night Stand (searje) - De feilingmaster (Ofl. Verzet, 2013] 2013 - Nooit te oud - Anton Brouwer 2016 - Brasserie Valentijn - Mynhear Hendriks 2016 - Familie Kruys - Frits 2017 - B.A.B.S. - Mynhear de Wit 2019 - Random Shit - buorman

Harkspullen 1985 - Dood van een vrijgezel - Frijfeint 1985 - Het tuinfeest - Pope 1986 - De moord op de antiquair - Antikêr

Keppelingen om utens Jaap Maarleveld yn de IMDb Jaap Maarleveld yn de Teäter Ensyklopedy

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Nederlânsk teaterprodusint Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk harkspulakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk kabaretier Kategory:Frysk teaterprodusint Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Fryske Peallen Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2021