De Humboldtpinguïn (Spheniscus humboldti) is ien fan 'e fjouwer soarten út it skaai fan 'e brilpinguïns (Spheniscus) en ien fan 'e achttjin pinguïn-soarten. De Humboldtpinguïn libbet yn Súd-Amearika yn Sily en Perû.

Ferskining thumb|left|Humboldtpinguïn. De soarte wurdt 65 oant 70 sm lang en weaget tusken de 3,5 en 6 kg. De fûgel is nau besibbe oan 'e Magelhaenpinguïn en de Brilpinguïn. Hy hat in swarte rêch en in wite búk. Op it boarst rint in brede, swarte bân yn 'e foarm fan in omkearde 'U'. Om de bek hinne sit in opfallend rôze, keal stik hûd dat helpt by it ôfkuoljen. De swarte puntsjes op 'e wite búk binne foar eltsee pinguïn unyk, ferlykber mei in fingerprint by minsken.

Fersprieding Humboldtpinguïns tankje harren namme oan 'e kâlde Humboldtstream foar de kust fan Súd-Amearika. Se libje dêr oan'e kusten fan Perû en Sily. Oars as guon súdlike pinguïnsoarten libje se net yn iisgebieten, mar nêstelje se op rotsige kustkriten en eilannen yn in subtropysk klimaat.

Hâlden en dragen thumb|left|Aai. Se grave harren nêsten yn tsjokke lagen guano (opgarre fûgelstront). As dat der net is, brûke se ek wol spjalten yn rotsen. It wyfke leit meastentiids twa aaien en beide âlden briede op 'e aaien, dy't nei 40 dagen útkomme. Se binne meastentiids monogaam en kinne meardere jierren by deselde partner bliuwe. Se kinne it hiele jier troch briede, ôfhinklik fan de beskikberens fan iten.

Status De Humboldtpinguïn hie op 'e Reade list fan 'e IUCN yn 2020 de status kwetsber (Vulnerable). Bedrigingen foar de fûgel binne û.o. it winnen fan guano, dat in tige goede natuerlike dongstof is. Mei dy winning wurde de briedplakken fan 'e pinguïns fersteurd en kinne de fûgels minder gaadlike nêstplakken fine. Dêrnjonken wurdt der in soad fiske op ansjofisk en sardines, in wichtige fiedselboarne foar de Humboldtpinguïn. It ferskynsel El Niño waarmet it wetter op en ek dat betsjut dat der minder fisk beskikber is, sadat in soad fûgels ferhongerje en der in hege stjerte ûnder piken is. Nei't út ûndersyk bliken die dat tusken 2017 en 2021 it oantal briedpearen yn Sily mei likernôch 50% ôfnommen wie, waard de status fan 'e fûgel yn dat lân fan kwetsber nei bedrige degradearre. Yn 2023 ha Súdamerikaanske seefûgels slim te lijen hân fan 'e fûgelgryp H5N1. Hoe slim de Humboldtpinguïn troffen waard is net bekend. Yn jannewaris 2025 waarden by de telling fan 'e ferfearjende Perûviaanske populaasje in ôfname fan 70% yn ferlikening mei it jier dêrfoar fêststeld. Troch brek oan iten ferfearren net alle Humboldtpinguïns en dy sieten dêrom net yn 'e telling, mar dúdlik waard wol dat de delgong rap giet.

Reservepopulaasje Guon dierentunen nimme diel oan it EAZA Ex-situ Programme (EEP) foar Humboldtpinguïns. Dat is in Europeesk fokprogramma dat de sûnens, genetyske diversiteit en stabiliteit fan 'e pinguïnpopulaasje yn 'e kolleksjes beheart. AquaZoo by Ljouwert nimt foar de Humboldtpinguïn diel oan dat programma. Sa ûnstiet der in sûne reservepopulaasje, dy't de wylde populaasjes helpe kinne of by in takomstige weryntroduksjes ynset wurde kin. It Punto San Juan Program ferlient help mei finansjele stipe en frijwilligers om de briedplakken en seegebieten te beskermjen.

Keppeling om utens De pinguïns op it webstee fan Aquazoo. Side Punta San Juan Program.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Brilpinguïn Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan