Willem Kok (Stiens, 1903 – Ljouwert, 1969), bynamme 'Lytse Willem', wie learaar Gryksk oan it Grifformeard Gymnasium fan Ljouwert en direkteur fan de Fryske Akademy (1950-1965); hy gie troch sykte earder mei pinsjoen.
Nei in stúdzje klassike talen oan de Frije Universiteit fan Amsterdam en promoasje (1934) waard er learaar yn Kampen en Ljouwert (1930-1950). Sûnt 1956 wie er allinnich saaklik direkteur fan de FA neist dr. J.H. Brouwer, âld-heechlearaar yn Grins, dy 't wittenskiplik direkteur waard.
Wurk 1934 – Tertullianus: De Cultu Feminarum (dissertaasje) 1937 – Germania (Fryske oersetting nei Tasitus) 1946 – Koarstekoeke 1949 – Nuvere Kostgongers 1952 – Onderscheiden - Ongescheiden (oer federalisme)
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk klassikus Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Stiens Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1969