Hendrik Willem Kuipers (Wommels, 6 septimber 1913 - dêre, 11 novimber 2004) wie in frisiast, súbstitút Offisier fan Justysje sûnt 1951 en Offisier fan Justysje fan 1963 oant 1978."Officier van justitie mr. Hendrik W. Kuipers", Ljouwerter Krante, 30 septimber 1978Rou-advertinsje, Ljouwerter Krante, 13 november 2004
Hy wie in soan fan Ruurd Kuipers, boargemaster fan Hinnaarderadiel en Pietriek van der Mast.Bea-akteRechterlijk Friesland 1811-1999: naamlijst leden ... s. 156
Wie ûnder oare sekretaris fan de Provinsjale Underwiisrie en lid fan de Generale Synoade fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Letter foarsitter fan it Kolleezje fan Tafersjoch op de Tsjerkefâdijen yn Fryslân. Lid fan de archeologyske wurkgroep fan de Fryske Akademy en fan de kommisje tuskentiidse beëiniging amtbetsjinning predikanten yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Hy hat skreaun oer toponimen en de tsjerke fan Wommels.
Publikaasjes It "eilân fan Easterein" yn Skeppe en skriuwe - 1995 Wommels by âlds : in kuier troch de tiid. Skriuwers: Bokma, Anne; Kuipers, Hendrik W.; Kuipers, Hendrik - 1985 Inventaris van de archieven van de Hervormde Gemeente van Wommels - Hidaard - 1980
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk amateur-archeolooch Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Wommels Kategory:Persoan stoarn yn Wommels Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 2004 Kategory:Nederlânsk ofsier fan justysje