Gerben de Jong (Drylts, 14 july 1884 - Alkmaar, 11 maart 1963) wie oprjochter fan de feriening fan gesachfierders by de binnenfeart, tegearre mei S. Schaafsma en J. Kokje.

Hy wie oprjochter, yn 1921 foarsitter-direkteur en letter sekretaris, fan it Underwiisfûns foar de binnenfeart, letter hiet dat Keninklik Underwiisfûns foar de Skipfeart. Hy jildt as pionier fan it leger- en fakûnderwiis oan skippers en skippersbern.

Kategory:Frysk skipper Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Nederlânsk skipper Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drylts Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1963 Kategory:Binnenfeart