Inne de Jong (Nijemardum, 13 septimber 1894 - Balk, 27 maart 1975) wie in ûnderwizer en Frysk skriuwer.

Libben Brocht syn jeugd troch yn Gaasterlân dêr't syn âlden buorken op in pleats te Nijemardum. Sels kaam er as jonge fan tolve ek by de boer oan it wurk, mar dêr seach er syn takomst dochs net lizzen. Op syn sechtjinde gong er nei de kweekskoalle en slagge trije jier letter foar it ûnderwizersdiploma. Hy krige al gau in beneaming oan in kristlike basisskoalle op De Lemmer. Fan 1914 - 1917 hat er dêr ûnderwizer west. Nei trije jier foar de klas stien te hawwen waard Inne de Jong advertinsjekorrektor en sjoernalist by it Frysk Deiblêd. Yn dy tiid keas de Jong foar it antymilitarisme en waard er lid fan de Kristlik Demokratyske Uny (CDU), doetiids de partij fan de kristen-soasjalisten. Dat brocht him yn konflikt mei de haadredaksje fan it FD en De Jong naam ûntslach.

De Jong hat ek publisearre ûnder de skûlnamme W. Banda.

Wurk Poëzij 1939 : Harstwiich 1973 : Wylde ierdbeien

Berneboeken 1941 : Jonges fen Gaesterlân 1950 : Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân

Oersettings fan eigen wurk 1961 : Jongens van Gaasterland (gearfetting fan Jonges fen Gaesterlân en Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân)

Oersettings nei it Frysk 1949 : De Swarte Kat (nei Edgar Allan Poe) 1955 : Kwatrinen (nei Omar Khayyám) 1960 : De Houn fan 'e Baskervilles (nei sir Arthur Conan Doyle) 1961 : Alaska-estafette (nei F. Omelka)

Rely Jorritsmaprizen Yn lyts bestek (fers, 1954) Yntermezzo (ferhaal, 1955) Moarnstjerre (fers, 1960)

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk pasifist Kategory:Persoan berne yn Nijemardum Kategory:Persoan stoarn yn Balk Kategory:Fiifhûs Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1975