De Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy, Nederlânsk: Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD), is in liberale partij yn Nederlân.

De partij waard oprjochte op 24 jannewaris 1948 út in geargean fan de Partij fan de Frijheid en de saneamd groep-Oud, dy't yn oktober 1947 út de Partij fan de Arbeid stapt wie. De VVD wol as liberale partij it ferieningspunt wêze fan "alle Nederlanners, dy't de oertsjûging hawwe dat frijheid, ferantwurdlikheid, ferdraachsumheid en sosjale gerjochtichheid de fûneminten hearre te wêzen fan elke mienskip".

VVD Fryslân Yn de provinsje Fryslân is de oanhing fan de VVD tusken 1956 en 1974 groeid fan 8,4 % nei 11,8%. Yn de jierren '70 bleau de elektoarale groei fan de VVD provinsjaal efter by de lanlike tendins. Dit kin gearhingje mei in fêstere bining fan de Fryske kiezers mei de eigen partij, wêrtroch 't politike ferskowings hjir minder yngripend binne. Oan de oare kant wie by de Steateferkiezings de konkurrinsje fan de FNP in mooglike faktor. Gemeenten dêr't de VVD by de Steateferkiezings fan 1974 measr as 15% fan de stimmen helle wienen Skylge (34%), Flylân (13,7%), It Amelân (24,4%), Skiermûntseach (18,9%), Weststellingwerf (17,2%), Baarderadiel (16%) en Utingeradiel (15,1%).

Gemeentlik arbeidet de VVD faak op mei oare (benammen RK) politike minderheden ûnder de namme 'gemeentebelangen'. Troch de groei by Keamer- en Steateferkiezings yn 1972 en 1974 waard it yn in oantal fan dizze gemeentes mooglik, mei in eigen VVD-list út te kommen.

By de gearstalling fan it provinsjaal bestjoer wurke de lanlik sterke tsjinstelling tusken PvdA en VVD minder dúdlik: sûnt 1970 makket de VVD-er Lammert Hilarides diel út fan it Koleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân, dêr't ek PvdA-ers in sit hawwe.

Fertsjintwurdiging (sûnt 1956)

Earste Keamer jier sitten 1956 7 1959 8 1963 7 1966 8 1969 8 1971 8 1974 12 1977 15 1980 13 1981 12 1983 17 1986 16 1987 12 1991 12 1995 23 1999 19 2003 15 2007 14 2011 16 2015 13 2019 12 2023 10 Twadde Keamer jier sitten 1956 13 1959 19 1963 16 1967 17 1971 16 1972 22 1977 28 1981 26 1982 36 1986 27 1989 22 1994 31 1998 38 2002 24 2003 28 2006 22 2010 31 2012 41 2017 33 2021 34 2023 24 2025 22 Jeropeesk Parlemint jier sitten 1979 4 1984 5 1989 3 1994 6 1999 6 2004 4 2009 3 2014 3 2019 5 2024 4

Boargemasters (2025) De Haach: Jan van Zanen Grins - Roelien Kamminga Haarlimmermar - Marianne Schuurmans

Provinsje Fryslân: De Fryske Marren - Leo Pieter Stoel Eaststellingwerf - Jack Werkman It Hearrenfean - Avine Fokkens

Keppeling om utens Webstee fan de VVD

Kategory:Nederlânske politike partij Kategory:Liberale politike partij Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1948