Dame Antonia Susan Duffy (berne as: Antonia Susan Drabble), bekend ûnder de skruwersnamme A.S. Byatt (Sheffield, 24 augustus 1936 - 16 novimber 2023), wie in Ingelsk skriuwster.
Foar de roman Possession wûn hja yn 1990 de Booker Prize. A.S. Byatt waard ek bekend fan har krityk op de boeken fan J.K. RowlingNew York Times, 7 july 2003, rieplachte 11 febrewaris 2010.
Yn 2004 hâlde Byatt yn Leien de 33e Huizingalêzing ('From soul to heart to psyche to personality). Op 8 febrewaris 2010 krige hja in earedoktoraat fan de Universiteit Leien.
Yn 2016 krige se de Erasmuspriis 2016 foar har bydrage oan it sjenre Life Writing, in aktueel ûnderwerp yn de literatuer dat histoaryske romans, biografyen en autobiografyen omfiemet.http://www.erasmusprijs.org/?lang=nl&page=Erasmusprijs
Hja wie Dame Kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk. The Times sette har yn de 'top 50 bêste Britske skriuwers sûnt 1945'. The 50 greatest British writers since 1945, The Times
Publikaasjes yn 't Nederlânsk A.S. Byatt: Het boek van de kinderen. (oerset troch Gerda Baardman en Marian Lameris). Amsterdam, De Bezige Bij, 2010. ISBN 978-90-234-5701-5 A.S. Byatt: Obsessie, een romance (oers. Gerda Baardman en Marian Lameris). Utj. De Bezige Bij, Amsterdam, 5e printinge, 2006. ISBN 90-234-2097-7 (Oarspr. edysje: Altamira Heemstede, 1991 (ISBN 90-6963-168-7). A.S. Byatt: De biograaf (roman) (oers. troch Hein Groen en Gijs Went). Utj. De Bezige Bij, Amsterdam, 2001. ISBN 90-234-7034-6 Ynlieding by de 23e printinge fan Rituelen fan Cees Nooteboom (Amsterdam, 2009). ISBN 978-90-234-3946-2 Ynlieding by it Bibelboek Hooglied (Steatefertaling). Utj. Atlas, Amsterdam, 1999. ISBN 90-450-0120-9
Keppelings om utens Offisjele webside fan A.S. Byatt Eredoctoraat Universiteit Leiden
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1936 Kategory:Persoan stoarn yn 2023