thumb|left|150px|Wapen Sheffield

thumb|left|150px|Lizzing Sheffield Sheffield is in stêd (city) en (sûnt 1842) in distrikt yn Súd Yorkshire, Noard-Ingelân, mei 512.242 ynwenners, dat de stêd is nei ynwennertal de tredde fan Ingelân. Yn de agglomeraasje om de stêd hinne wenje sa'n 1,37 miljoen minsken.

Eartiids wie Sheffield fral in yndustrystêd, dy't yn de 19e iuw wrâldferneamd wie fanwegen it bêst stiel dat dêr makke waard. Op dat mêd waarden in soad pleatslik ûnwikkele fernijingen tapast, sa as stainless stiel. Yn it tiidrek fan de Yndustriële Revolúsje feroarsake dat in fertsienfâldiging fan it ynwenneroantal. Troch ynternasjonale kompetysje en konkurrinsje rekke de stielyndustry yn de jierren 1970/80 yn de nederklits, tafallich tagelyk mei delgong fan de stienkoalminen yn dy kriten.

Begjin 21e iuw lit in soad nije ûntjouwings sjen yn Sheffield en oare Britske stêden. Sheffield's ekonomy waakst stadichoan, mear as yn oare parten fan Yorkshire en Humber. Sheffield is in wichtich tsjinstesintrum wurden, dêr't ek in tal grutte banken sitte. De stêd hat in eigen tramsysteem, de Sheffield Supertram.

De stêd Sheffield leit op in punt dêr't fiif rivieren byinoar komme, en in grut part is boud op de hellings fan hichten en sjocht út op it stêdssintrum en it omlizzend plattelân. Der wurdt rûsd dat Sheffield mear as twa miljoen beammen hat, mear de man as yn hokker Jeropeeske stêd dan ek; 61% fan de stêd is griene romte.

Demografy Befolkingsûntwikkeling Jier18011851190119211941195119611971198119912001Befolking60,095161,475451,195543,336569,884577,050574,915572,794530,844528,708513,234Source: A Vision of Britain through TimeSheffield District: Total Population. A Vision of Britain Through Time, Great Britain Historical GIS Project

Sheffield fergelike Sheffield fergelike meiSouth Yorkshire (Met County), United Kingdom Census 2001, statistics.gov.uk yn 2001 Sheffield (Local Authority) United Kingdom Census 2001 neighbourhood.statistics.gov.uk 2001Feriene Keninkryk 2001 Sheffield Súd Yorkshire IngelânTotale befolking513,2341,266,33849,138,831Berne om utens6.4%8.9%9.2%Wyt91%95%91%Asiatysk4.6%2.6%4.6%Swart1.8%0.9%2.3%Kristen69%75%72%Moslim4.6%2.5%3.1%Hindû0.3%0.2%1.1%Gjin religy18%14%15%Boppe 75 jier8.0%7.6%7.5%Wurkleas4.2%4.1%3.3%

Berne yn Sheffield Gordon Banks (20 desimber 1937), fuotballer A. S. Byatt, skriuwster Bruce Chatwin, skriuwer Joe Cocker, Rhythm and Blues-sjonger Henry Shaw (24 july 1800), botanikus en filantroop, oprjochter fan de Missouri Botanical Garden Alex Turner (6 jannewaris 1986), Sjonger en gitarist fan de Arctic Monkeys Malcolm Elliott (1 july 1961), hurdfytser Billy Sharp (5 febrewaris 1986), fuotballer Nicky Weaver (2 maart 1979), fuottballer

thumb|750px|center|Panorama fanút Meersbrook Park.

Kategory:Plak yn Ingelân Kategory:Distrikt yn Ingelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1842 Kategory:Plak stifte yn de 8e iuw