It FIFA wrâldkampioenskip fuotbal, meastal wrâldkampioenskip fuotbal of WK fuotbal neamd, is in toernoai dat alle fjouwer jier spile wurdt troch nasjonale tiims dy't lid binne fan de FIFA.
Skiednis Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip fuotbal yn Oerûguay holden. De iennige stêd dy't doe de stadions foar de wedstriden hie wie Montevideo der waard dat toernoai spile yn tije stadions. Dit wie twa jier earder, op moandei 28 maaie 1928, yn Amsterdam besletten. Oerûguay krige it earste WK tawiisd om te fieren dat it lân hûndert jier bestie en om't Oerûguay yn 1924 en 1928 goud wûn hie op de Olympyske Spullen en dus ien fan de bettere fuotballannen wie.
De teams waarden foar it earste wrâldkampioenskip útnûge troch de FIFA om mei te dwaan. De animo fan Jeropeeske lannen om mei te dwaan oan dit kampioenskip wie lykwols beheind. De lange reis en hege reiskosten wiene hjir de oarsaak fan. Uteinlik wist Jules Rimet, mei help fan it regear fan Oerûguay, fjouwer Jeropeeske lannen sa fier te krijen om de oerstek te meitsjen. Fanôf it twadde kampioenskip yn 1934 moatte de lannen har kwalifisearje foar it toernoai.
As trofee foar it winnende lân waard de "Victoire aux Ailes d'Or" ûntwurpen: in beker droegen troch Nikè, de Grykske goadinne fan de oerwinning. Dizze wikselbeker waard yn 1946 as earbetoan oan de inisjatyfnimmer fan it WK fuotbal omdoopt nei "Jules Rimet-beker". Yn 1970 gie dizze trofee definityf nei Brazylje: dat wie it tredde WK dat troch Brazylje wûn waard, en de regel wie doe noch dat as ien lân trije kear wrâldkampioen waard, it de trofee hâlde mocht. Yn 1983 waard de orizjinele beker stellen en nea wer weromfûn, wêrnei't it Braziliaanske fuotbalbûn in replika meitsje liet. De hjoeddeiske trofee, de "FIFA World Cup", bestiet út twa figueren op in sokkel dy't in ierdbol omheech hâlde, en is ek wer in wikseltrofee. Dizze beker waard foar it earst útrikt yn 1974 oan it doetiidske West-Dútslân.
Oan de toernoaien oant en mei 1978 diene 16 lannen mei, útsein yn 1930 (13 lannen), en yn 1938 (15 lannen, Eastenryk wie nei kwalifikaasje as gefolch fan de Anschluss opgien yn Dútslân) en 1950 (13 lannen, Yndia, Skotlân en Turkije lútsen har nei de lotting werom). It tal dielnimmers waard útwreide nei 24 lannen yn 1982 en dêrnei nei 32 yn 1998, wêrtroch't ek mear lannen út Afrika, Aazje en Noard-Amearika in kâns makken om diel te nimmen. Fan 2026 ôf sille der 48 lannen meidwaan oan it WK.
Edysjes
Fryske fuotballers op it WK Theo de Jong wie yn 1974 de earste Fryske fuotballer op it wrâldkampioenskip fuotbal, hy kaam fjouwer kear yn aksje foar it Nederlânske alvetal op it wrâldkampioenskip.
Fuotballer Jier Funksje Wedstr.(goals)Theo de Jong1974Middenfjilder4 (1)Piet Wildschut1978Ferdigener3 (0)Jan Kromkamp2006FerdigenerreserveAndries Noppert2022Doelman5 (0)
Fryske Assistint-skiedsrjochters en skiedsrjochtes op it WK* NammeFunksjeJier Erwin Zeinstra Assistint-skiedsrjochter 20142018 Hessel Steegstra Assistint-skiedsrjochter2022 Jan de Vries Assistint-skiedsrjochter2022 * opmerking: list is mooglik net folslein.
Prizen Njonken de Wrâldtitel wurde der ek noch in tal oare prizen útrikt
De Golden Ball foar de bêste spiler fan it toernoai. De Golden Boot foar de spiler dy't de measte doelpunten makket De Golden Glove foar de bêste doelman fan it toernoai. Bêste spiler Jier Fuotballer Lân 1930 José Nasazzi 1934 Giuseppe Meazza 1938 Leônidas da Silva 1950 Thomaz Soares 1954 Ferenc Puskás 1958 Didi 1962 Garrincha 1966 Bobby Charlton 1970 Pelé 1974 Johan Cruijff 1978 Mario Kempes 1982 Paolo Rossi 1986 Diego Maradona 1990 Salvatore Schillaci 1994 Romário 1998 Ronaldo 2002 Oliver Kahn 2006 Zinédine Zidane 2010 Diego Forlán 2014 Lionel Messi 2018 Luka Modrić 2022 Lionel Messi 2026 Rodrigo Hernández
Measte doelpunten Kin ek oan meardere fuotballers útrikt wurde as se likefolle doelpunten makke ha. Jier Fuotballer Lân Doelpunten 1930 Guillermo Stábile 8 1934 Oldřich Nejedlý 5 1938 Leônidas 7 1950 Ademir 9 1954 Sándor Kocsis 11 1958 Just Fontaine 13 1962 Flórián Albert 4 Valentin Ivanov Garrincha Dražan Jerković Vavá Leonel Sanchez 1966 Eusébio 9 1970 Gerd Müller 10 1974 Grzegorz Lato 7 1978 Mario Kempes 6 1982 Paolo Rossi 6 1986 Gary Lineker 6 1990 Salvatore Schillaci 6 1994 Oleg Salenko 6 Christo Stoitsjkov 1998 Davor Šuker 6 2002 Ronaldo 8 2006 Miroslav Klose 5 2010 Thomas Müller 5 David Villa Wesley Sneijder Diego Forlán 2014 James Rodríguez 6 2018 Harry Kane 6 2022 Kylian Mbappé 8 2026 Kylian Mbappé 10
Bêste doelman Jier Doelman Lân 1994 Michel Preud'homme 1998 Fabien Barthez 2002 Oliver Kahn 2006 Gianluigi Buffon 2010 Iker Casillas 2014 Manuel Neuer 2018 Thibaut Courtois 2022 Emiliano Martínez 2026 Unai Simón
Wraldkampioenskip fuotbal Wraldkampioenskip fuotbal