right|thumb|200px|Paleis fan Justysje yn Ljouwert In gerjochtshôf of gerjochtshof berjochtet yn Nederlân rjochtsaken yn heger berop.

Saken In Gerjochtshôf berjochtet rjochtsaken op it mêd fan strafrjocht en boargerlik rjocht yn heger berop. Fierder wurde dêr ek belêstingsaken behannele. Fierder kin eltse belanghawwende by in strafber feit kleie by it hof oer it net nimmen fan in beslissing ta ferfolging troch de ofsier fan justysje, de saneamde 12 Sv proseduere.

Allinnich yn Ljouwert wurde ek saneamde WAHV- of Mulder-saken behannele. Dat is it heger berop tsjin beslissings fan de kantonrjochter út hiel it lân tsjin lytse ferkearsoertredings.

Lokaasjes Der binne yn Nederlân fiif stêden dêr't in gerjochtshôf is: Amsterdam, Arnhim, De Bosk, De Haach en Ljouwert. Yn Ljouwert is it gerjochtshôf fêstige oan it Wilhelminaplein yn it steatlike Paleis fan Justysje.

Ressort It rjochtsgebiet fan in hof hjit in ressort. De ressorten binne opboud út arrondisseminten: Amsterdam Alkmar Amsterdam Haarlim Utert Arnhim Almelo Arnhim Sutfen Swol De Bosk De Bosk Breda Maastricht Roermond De Haach Dordrecht De Haach Middelburch Rotterdam Ljouwert Assen Grins Ljouwert

Kategory:Rjocht