De knobbelswan of knobbeswan (Cygnus olor) is in 145-160 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. Mei sa'n 10-13 kilogram is it ien fan de swierste dieren dy't fleane kinne. De knobbelswan hat wite fearren lykas de measte oare swannen mar is te ûnderskieden troch syn oranje-reade snaffel mei in swarte knobbel derboppe. Dizze swarte knobbel is by it mantsje grutter as by it wyfke. Ek de poaten fan de Knobbelswan binne swart.
Fersprieding De knobbelswan kaam eartiids allinich yn it noarden fan Midden-Jeropa foar en rûnom de Swarte See en ek yn it westen fan Aazje. Troch dat de fûgel yn parken útset waard hat er yn de leste iuwen ek West-Jeropa ta wengebiet makke en is er ek yn Nederlân in protte te sjen.
Iten Knobbelswannen ite it meast wetterplanten, dy't se mei harren lange hals under wetter opfiskje. Se kinne hjirby wol sa'n 60-70 sm under wetter rikke. By tiiden binne se ek wol yn de greide oan it gerskjen.
Fuortplanting De knobbelswan makket in grut nêst fan reid en oare planten. Hjir briedt it wyfke de 5-8 aaien yn sa'n 38 dagen út. Eltsenien dy't in de buert fan it nest komt wurdt fuortreage. Hjirby brûke de fugels harren snaffel en kinne se mei harren wjukken bêste klappen jaan. De jongen bliuwe in hiel jier by harren âlden, oant se yn it folgjende briedseizoen ferjage wurde. De jonge fûgels binne griis en wurde pas nei in jier wyt.
Sjoch ek List fan fûgels
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swan Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika