thumb|De berch Dent Blanche mei 4357 meter is ien fan de heechste bergen yn Switserlân Switserlân (Dútsk: Schweiz, Frânsk: Suisse, Italjaansk: Svizzera, Retoromaansk: Svizra, Latynsk: Helvetia), offisjeel de Switserske Bûnssteat, de Switserske Konfederaasje of it Switsersk Eedgenoatskip (Dútsk: Schweizerische Eidgenossenschaft, Frânsk: Confédération suisse, Italjaansk: Confederazione Svizzera, Retoromaansk: Confederaziun svizra, Latyn: Confoederatio Helvetica) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Bern.
De Switserske Konfederaasje wurdt ek wol de Switserske Eedgenoatskip (Dútske: Eidgenossenschaft) neamd. It bûn fan de saneamde oerkantonnen Uri, Schwyz en Unterwalden wie de basis foar it lettere Switserlân. De fertsjintwurdigers fan dy trije oerkantonnen hawwe yn 1291 swoarn dat se inoar bystean soenen tsjin oanfallen fan bûten. Mei de Frede fan Westfalen wurdt Switserlân syn steatsrjochtlike ûnôfhinklikheid formeel erkend. Switserlân yn syn hjoeddeistige bestjoerlike foarm bestiet sûnt. De namme Switserlân (Dútsk: Schweiz) komt fan it oerkanton Schwyz.
It lân is bestjoerlik opdield yn 26 kantonnen en hat op nasjonaal nivo fjouwer offisjele talen: Dútsk, Frânsk, Italjaansk en Retoromaansk. Dy fjouwer talen skiede it lân yn fjouwer kultuer- en taalgebieten. De ynternasjonale lânkoade is CH, de ôfkoarting fan it neutrale Latynske Confoederatio Helvetica, om foar te kommen dat net ien fan de fjouwer amtstalen boppe de oare steld wurde moat.
De nasjonale identiteit fan Switserlân en de mienskiplik ferbûnens fan de Switsersen wurde net ûntliend oan in mienskiplike taal, etnisiteit of leauwen. In binende ynterkulturele faktor is it fertrouwen yn de direkte demokrasy, in hege mate fan lokale en regionale autonomy en de iuwenâlde reewilligens om ta kompromissen te kommen yn politike fraachstikken.
Geografy Lizzing Switserlân wurdt begrinzge troch: Dútslân yn it noarden; Lychtenstein en Eastenryk yn it easten; Itaalje yn it suden; Frankryk yn it westen.
Lânskip Mei 41.291 km2 bedekt Switerslân 1,5 persint fan de oerflakte fan de hiele ierde. 37 persint wurdt aktyf brûkt en 6,8 persint is bewenne. Fan it noarden nei it suden mjit it lang maksimaal 220 kilomter, de langste ôfstân fan west nei east is 348 kilomter.
It gea falt útien yn berch- en heuvelgroepen, rivieren en marren. Dêrtroch is Switserlân in Alpenlân by útstek. It heechste punt is de Dufourspitze mei in maksimale hichte fan 4.634 meter. It leechste punt leit yn it kanton Ticino op de Langensee en hat in hichte fan 193 meter.
Fan noardwest nei súdeast is Switserlân rûchwei yn trije geografyske lânsdielen te ûnderskieden: De Jura yn it noardwesten bedekt 10% fan it hiele lân. Yn trochsneed leit it berch-/heuvellân op sa'n 700 meter hichte boppe seenivo. Der flakke dielen dy't brûkt wurde kinne foar de lânbou. Dêrneist binne der deltes yn it lân dêr't rivieren trochhinne slingerje. It middellân (Dútsk: Mittelland) bedekt sa'n 30% fan Switerslân. Twatredde diel fan de befolking wennet dêr. It lân is relatyf flak en it klimaat is mylder as yn de bergen fan de Jura en it Alpengebiet. Sawat alle grutte stêden lizze yn it middellân. De Alpen meitsje 60% fan it lân út. Mei in breedte fan 200 kilometer en in gemiddelde hichte fan 1700 meter binne de Alpen in klimatologyske barriêre. Dêrtroch is it klimaat noardlik fan de Alpen oars as súdlik fan de Alpen.
De grutste marren fan it lân binne: de Bodenmar en de Mar fan Genêve. De wichtichste rivieren binne de Ryn mei syn sydrivier de Aare, en fierders de Rône en de Inn, dy't alle trije yn Switserlân ûntspringen. Yn Switserlân foarmet it Gotthardmassyf de wetterskieding tusken de rivieren dy't útkomme yn de Noardsee, de Swarte See, de Adriatyske See en de Middellânske See. Seis persint fan de Europeeske wetterfoarried leit yn de Switserske rivieren en marren. In karakteristyk diel fan de Alpen binne de gletsjers. Dy bedekke sa'n 1000 km2, sa'n trije persint fan it hiele lân.
Fanâlds binne der talrike berchpassen dy't Itaalje mei Noard-Europa ferbinen. Foar it treinferkear waard yn 1882 de Gotthard-Eisenbahntunnel iepensteld. Sûnt 1980 bestiet der in 17 kilometer lange tunnel troch de Gotthard.
De haadstêd is Bern. Oare wichtige stêden binne ûnder oaren Surich (de grutste stêd), Genêve, Bazel en Lausanne.
Klimaat Der is in grut ferskaat oan klimaten yn Switserlân, fan in poalklimaat yn it heechberchtme oant en mei in mediterraansk klimaat yn Tisino. Lykwols giet it klimaat yn it generaal oer fan in lânklimaat nei seeklimaat en hearket yn de hegere dielen fan de Alpen in heechberchtmeklimaat. De jierlikse trochsnee temperatuer yn july is yn Genêve 19,3 graden, in Zürich 17,6 graden en yn it súdlike Lugano 21,1 graden.
Skiednis Aldste bewenning thumb|Switserlân yn de Romeinske tiid De âldste spoaren fan minsklike bewenning binne sa likernôch 150.000 jier âld. Yn it kanton Graubünden binne rotstekeningen, dy't trijetûzen jier foar Kristus makke binne. Bysûnder binne de prehistoaryske bouwurkingen op peallen. De âldsten datearje út de fjirde iuw foar Kristus. Sokke delsettingen binne rûnom yn Switserlân fûn. De bewenners bouden de wenningen op peallen om sa mear agrarysk lân bebuorkje te kinnen. Gauris waarden de pealwenningen troch heechwetter ferneatige. Nettsjinsteande de kwetsberheid waarden oer in tiidrek fan 3.000 jier bouwurken op peallen boud.
Om 200 foar Kristus wurde de Helvetii yn oarkonden neamd as bewenners fan it hjoeddeistige Switserlân. De Helvetii binne in Keltyske stam dy't om it jier 50 foar Kristus oermastere waarden troch de Romeinen. Hjoed-de-dei ferwiist de Latynske namme fan Switserlân (Confoederatio Helvetica) nei de âlde stamme. Yn de tredde en fjirde iuw feroveren de Romeinen stap foar stap dielen fan Switserlân. De Rine waard de noardgrins fan it Romeinske Ryk. Under it Romeinske bewâld wie Switserlân gjin bestjoerlike ienheid, it gea lei ferdield oer fiif Romeinske provinsjes. Oan wichtige berchpassen en hannelsrûtes stiften de Romeinen stêden.
Yn de tredde iuw nei Kristus feroverje de Allemannen, in Germaanske stam, de Romeinske fêstingen oan de Rine en besetten it middellân. Boergonden feroveren it westlike diel fan it hjoeddeistige Switserlân en de súdlike dielen fan it hjoeddeistige Frankryk. Mei de Franken yn Frankryk namen de Allemannen de taal en kultuer fan de Romeinen oer. Ut it âlde Latyn ûntwikkele stadichwei it moderne Frânsk. De Allemannen holden harren eigen taal en kultuer. It kristendom, ynfierd troch de Romeinen, wreide him stadichoan út en troch it lânbesit koe de tsjerke linkendewei machtiger wurde.
Yn de 8e iuw hearde it eastlike diel fan Switserlân al by it Eastfrankyske Ryk, wat justjes letter it Hillige Roomske Ryk wurde soe. Yn de 11e iuw waard it hiele gebiet ûnder de kroan fan it Hillige Roomske Ryk brocht. Oant en mei it begjin fan de 13e iuw wienen de gebieten Uri en Schwyz ryksûnmidlik. De ryksûnmidlikheid wie ornaris in privileezje dat oan stêden jûn waard en net oan lânlike regio's. In tige belangryk momint wie yn it jier 1220: Yn dat jier wurdt de Gotthardpas iepene en sa waarden de gebieten noardlik fan de pas (Uri en Schwyz) ta oantreklike regio's omdat se dêrtroch de kontrôle krigen oer wichtige hannelsrûtes.
De eedgenoaten thumb|De eed fan 1291. As bertejier fan Switserlân kin it jier 1291 beskôge wurde. Yn dat jier waarden de oerkantons Uri, Schwyz en Unterwalden in bûn sûnder fiergeande ferplichtingen. Fertsjintwurdigers fan de trije gebieten ferwissigen elkoar troch de Rütli-Schwur fan mienskiplike stipe tsjin fijannen fan bûten. Reden dêrfoar wie de dea fan Rudolf von Habsburg, fan wa't de Switsersen in protte frijheden krigen. Hjoed-de-dei jildt de Rütliwiese am Vierwaldsträttersee as Switser frijheidssymboal. In namme dy't faak neamd wurdt yn kombinaasje mei de eed is Wilhelm Tell. Hy soe de kweade fâld Gessler, dy't út namme fan de Habsburger it bewâld fierde yn de regio, deade ha. Hjoed-de-dei is men fan betinken dat Wilhelm Tell net mear as in myte is, dy't út de eangsten en soargen fan it folk ûntstien is.
De eedgenoaten ferdigenen harren lân yn ferskate opstannen tsjin de oerhearskers, wat yn it foarste plak de Habsburgers wienen. Troch de trouwe bân tusken de eedgenoaten koene se de Habsburgers kear nei kear ferslaan. It selsfertrouwen fan de eedgenoaten waard sterker en út de Slach fan Sempach ûntstiet de earste nasjonale held fan Switserlân: Arnold von Winkelried. Hy soe him dapper yn de lânsen fan de frijân wurpen ha, om sa plak te meitsjen foar oare Switserske troepen. Of hy werklik libbe hat is ûnwis. Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk besocht op 't lêst fan de 15e iuw noch ien kear de eedgenoaten ûnderhearrich te meitsjen. Syn plan slagge net. Fuort dêrop folge de Swabenkriich wêrtroch de eedgenoaten definityf ûnôfhinklik waarden fan de Habsburgers.
De reformaasje ferdielde de eedgenoaten yn twa groepen. De saneamde Protestanten wienen tsjin de autoriteit fan de paus, de Roomsken bleaunen krekt trou oan de paus. Yn Switserlân wienen Ulrich Zwingli en Johannes Kalvyn de wichtichste herfoarmers. Nei ferskate konflikten kamen de ferskillende partijen oerien, de religieuze kar fan harren lânslju te akseptearjen. Yn de Tritichjierrige Oarloch bleaunen de eedgenoaten neutraal. Sy woenen net behelle wurde yn it grutte Europeeske konflikt omdat it lân troch syn religieuze en kulturele ferskaat oars as ienheid út elkoar falle koe. Hja holden fêst oan harren lânsgrinzen, dy't se mei wapengeweld ferdigenje soenen. De selsstannigens fan de Switsersen waard pas erkend by de Frede fan Westfalen yn 1648, dy't sawol oan de Tachtichjierrige Oarloch as de Tritichjierrige Oarloch in ein makke. Nei ferrin fan tiid sleaten ek oare kantons har oan by de Switserske federaasje.
De 18e iuw ferrûn rêstich en mei grutte foarútgong yn de lânbou en yndustry. Der ûntstienen yntellektuele en pattriottyske bewegingen dy't kontakten hienen mei lyksoartige bewegingen yn it bûtenlân. Yn tsjinstelling ta it bûtenlân wreide yn Switserlân it lokale patriottisme him út. De basis fan de Frânske revolúsje mei syn frijheid, gelikensens en bruorskip waard entûsjast yn Switserlân ûntfongen. Dat feroare doe't de troepen fan Napoleon dielen fan Switserlân besetten. Nei ferset fan de stêd Bern koe Napoleon de rest fan Switserlân ynnimme. Dat wie de ein fan it âlde eedgenoatskip. Yn april 1798 ûntstie de sintralistyske Helvetyske Republyk. Nei wat opskuor krige de republyk in nije grûnwet, dy't romte joech oan it âlde kantonale systeem. De eedgenoaten krigen harren neutraliteit ek werom, ûnder it betingst dat sy soldaten leveren foar it Frânske leger. Nei de Frânske tiid waard op it Kongres fan Wenen de Switserske neutraliteit befêstige.
It moderne Switserlân thumb|Switserlân is it thúslân fan ferskate ynternasjonale organisaasjes. Op dizze foto it Palais des Nations yn Genêve. Yn 1848 waard nei in lytse godstsjinstkriich (de lêste fan de yn totaal fiif godstsjienstkrigen) tusken katoliken en protestanten de steat foarfêst omfoarme ta in steatebûn. De grûnwet fan 1848 waard troch it parlemint en de doetiidske kantonnen (22 yn totaal) oannommen. Bern waard de haadstêd fan Switserlân. Der wie noch sprake fan in frij sintralysk bestjoer. Nij wie it twakeamersysteem (Nationalrat mei 200 leden en Ständerat mei 46 leden) en de sânkoppige Bundesrat. Yn itselde jier krigen manlju it kiesrjocht. Foar in protte Switsersen wie de grûnwet net genôch. Yn 1874 waarden mear feroaringen trochfierd. Yn de kantonnen wie doe al sprake fan in direkte demokrasy. Dy direkte demokrasy moast ek op nasjonaal nivo konsekwint trochfierd wurde. Dêrtroch ûntstienen oan it ein fan de 19e iuw it rjocht fan folksinisjatyf en referindum.