Bartlehiem is in buorskip yn de himrikken fan Wyns, Wânswert en Stiens, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel, Noardeast-Fryslân en Ljouwert. Bartlehiem leit noardlik fan Wyns, noardeastlik fan Stiens, súdeastlik fan Hallum, súdwestlik fan Burdaard en westlik fan Aldtsjerk.
De buorskip leit op in krusing fan de Dokkumer Ie, Koarnjumer Feart en Aldtsjerkster Feart. De bebouwing fan Bartlehiem leit yn Wyns en Wânswert oan de Bartlehiem en yn Stiens oan in part fan de Wurgedyk.
Der wenje sawat 100 minsken (2023).
Skiednis thumb|left|De Ie by Bartlehiem
Namme De namme "Bartlehiem" is in ferbastering fan "Bethlehem", nei it eardere kleaster mei dy namme, wat in heale kilometer fierder nei it easten stie.
Gemeentelike weryndieling Foar 2019 lei it part fan Wânswert yn de gemeente Ferwerderadiel. It part fan Stiens lei foar 2018 yn de gemeente Ljouwerteradiel.
Alvestêdetocht De buorskip - en mei him de lytse brêge oer de Feinsumer Feart - is wrâldferneamd troch de Alvestêdetocht. Op harren tocht komme de reedriders twa kear troch Bartlehiem: de earste kear fan Frjentsjer ôf op wei nei Dokkum ta, en dan de twadde kear fan Dokkum út nei Ljouwert. Dat makket Bartlehiem it iennichste plak dêr't by de Alvestêdetocht yn trije rjochtingen reedriders sichtber binne.
Oar thumb|left|It eardere molkfabryk It molkfabryk út 1893 is yn 2010 ferboud ta in lytsskalige wenfoarm foar minksen, dy't te lijen ha fan demintens.
Oan 'e eastlike kant fan 'e Ie is it atelier fan 'e keunstskilder Hans Krakou.
Kategory:Alvestêdetocht Kategory:Buorskip yn Tytsjerksteradiel Kategory:Buorskip yn Ferwerderadiel Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân Kategory:Buorskip yn Ljouwerteradiel Kategory:Buorskip yn Ljouwert (gemeente)