Wytmarsum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Op de himrik fan Wytmarsum lizze ek de buorskippen Easthim, It Fliet, Harkesyl, Hiemert (foar in part), De Kampen en Kathuzum. Oant 1949 lei de buorskip Filens ek by Wytmarsum, dy't doe nei in weryndieling by Skettens kaam.

Wytmarsum leit tichteby A7 tusken de Ofslútdyk en Boalsert yn de buert fan Arum, Penjum en Wûns.

It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat it doarp yn 'e iere midsiuwen op in terp ûntstie. Al yn 'e midsiuwen hat it doarp him yn 'e rin fan 'e tiid bûten de terp útwreide.

It plak waard foar it earst yn 1270 as Witmarsum neamd. Oare âlde namme binne Witmerzim (1400), Withmarsum (1456) en Witmaersum (1505). De namme tsjut op it wenplak (hiem/um) fan Witmer. thumb|left|De Koepeltsjerke. Yn 1496 waard Menno Simons yn Wytmarsum berne. Hy is de ienige tsjerkeherfoarmer fan Nederlânske komôf, dy't in streaming neilitten hat mei mienskippen dy't rûnom op 'e wrâld te finen binne. Geregeldwei komme der mennoniten nei it doarp om mei it berteplak fan Minne Simons yn 'e kunde te kommen. Krekt bûten Wytmarsum stiet in monumint op it plak oan It Fliet dêr't Simons preke hat.

De tsjerke fan no is fan 1633, mar al yn de 10e iuw stie op it plak de oan Martinus wijde tsjerke. Menno Simons wie dêr pastoar, doe't er yn 1535 ôfstân naam fan it katolisisme en foarman waard fan de minnisten.

thumb|left|Bongastate. Yn it doarp stiene eartiids ferskillende states, lykas de Aylvastate. It doarp krige yn 1896 in molkfabryk, 'De Goede Verwachting'. Mei de fúzje fan it molkfabryk yn 1965 mei dy fan Warkum kaam der yn 1966 in ein oan De Goede Verwachting.

Oant 2011 wie Wytmarsum it haadplak fan de doe ophefte gemeente Wûnseradiel.

Mienskip It doarpsbelang fan Wytmarsum waard yn 1959 oprjochte. De doarpskrante fan Wytmarsum hjit 'De Koepel'. Aktiviteiten wurde organisearre troch it WOK (Wytmarsumer Ferdivedaasje Komitee). Mounewetter is it iepenloft swimbad fan Wytmarsum.

Tsjerken thumb|260px|Nikolaas fan Tolentyntsjerke. PKN-gemeente Trijerisien (Wytmarsum-Penjum-Surch). Minnistegemeente De Lytse Streek Titus Brandsmaparochy

Skoallen Kristlike basisskoalle De Bonkelder Iepenbiere basisskoalle De Utskoat thumb|260px|Eardere gemeentehûs Wûnseradiel.

Ferienings It doarp hat fjouwer buertferienings: Fan Keats oant Harke, De Hikkesluters, It Klompke en De Stoarmhoeke. Doarpskrante is De Koepel.

Fanfare Nij Libben Toanielferiening Surprise Sportferiening Pim Mulier Fuotbalferiening Mulier Keatsferiening Mulier Gymnastykferiening 'Volhard en Overwin' Tennisferiening Wytmarsum Follybalferiening Thrium

Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004 Ynwenners 659 1628 1601 1516 1468 1546 1816 1804 Jier 2015 2020 Ynwenners 1733 1758

Eveneminten De Triatlon Wytmarsum is in sportevenemint dat alle jierren yn 'e earste helte fan septimber of yn 'e lêste dagen fan augustus yn en om it doarp holden wurdt. It is in achtste triatlon, besteande út 'e ûnderdielen swimmen, hurdfytsen en hurddraven. Tagelyk hjirmei wurdt foar bern ek in saneamde kidsrun organisearre. Oktoberfest Wytmarsum

Berne thumb|260px|Pim Mulier. Menno Simons (1496-1561), reformator. Hobbe Esaias fan Aylva (1696-1772), militêr. Hobbe Smith (1862-1942), keunstskilder. Pim Mulier (1865-1954), grûnlizzer moderne sport yn Nederlân. Jochum Falkena (1881-1963), boargemaster. Taede Zijlstra (1901-1945), keatser. Frank Leyendekker (1928–2022), strider foar it behâld fan it Frysk hynder. Sikke Smeding (1889–1967), lânboukundich yngenieur. Jacob Reitsma (1945), CDA-politikus, boargemaster. Hans Simons (1947-2019), PvdA-politikus. Doekle Terpstra (1956), politikus en betsjoerder. Jeroen Zeinstra (1975), hurdrinner. Folkert van der Wei (1980), keatser.

It besjen wurdich thumb|260px|De Undernimming. Midden yn it doarp stiet de Koepeltsjerke. Oan de râne fan it doarp stiet sûnt ein 19e iuw de katolike Nikolaas fan Tolentyntsjerke.

East oan 'e doarpsrâne stiet oan de Wytmarsumer Feart de yn 1850 boude nôt- en pelmole De Undernimming. Sa'n 2,5 km eastlik fan Wytmarsum stiet de Pankoekstermûne, in út 1900 datearjende poldermole.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Wytmarsum rinne de folgjende buslinen:

Line 75: Minnertsgea - Boalsert fia Frjentsjer Line 99: Harns - It Hearrenfean fia Boalsert en Snits

De buslinen troch Wytmarsum wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten thumb|260px|Molewei. Alle strjitten fan Wytmarsum.

Sjoch ek Wytmarsum (Brazylje)

Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân