Klaas Dijkstra of Klaes Dykstra (Sigerswâld, 10 juny 1924 - Drachten, 4 maart 1997)Berte- en stjerdata fan Klaes Dykstra op Graftombe.nl wie in Frysk ûnderwizer, universitêr meiwurker, oersetter en politikus.

Libben Klaas Dijkstra wurke as wittenskiplik haadmeiwurker foar Fryske literatuerskiednis oan 'e Ryksuniversiteit, te Grins. Dêrfoar wied er learaar Ingelsk yn ûnder mear Harns. Teffens wied er polityk aktyf, as wethâlder fan 'e gemeente Harns foar de PvdA. Yn syn frije tiid sette er út en troch oer út it Ingelsk (wurken fan sawol Britske as Amerikaanske skriuwers). Hy promovearre op histoaryske oersettings yn it Frysk. Syn dissertaasje wurdt nòch faak brûkt as neislachwurk.

Wurk Eigen wurk 1950-1952 - Untwyk: Twa Balladen fan de Sé 1962 - Oersettingen yn it Frysk (sa. 1860-1960) (dissertaasje) 1976 - Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer 1997 - Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, mei Taheakke: De Resinte Fryske Literatuer (twadde edysje, mei Bouke Oldenhof)

Oersettings 1949 - Foar Helen (oersetting fan in gedicht nei Edgar Allan Poe) 1949 - Ulalûm (oersetting fan in gedicht nei Edgar Allan Poe) 1958 - In Ynspekteur Skillet Oan (oersetting fan in toanielstik nei J.B. Priestley) 1966 - Dit Is it Jier (oersetting fan in roman nei Frederick Feikema Manfred)

Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Frysk wethâlder Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Persoan berne yn Sigerswâld Kategory:Persoan stoarn yn Drachten Kategory:Skiednis fan Harns Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 1997