Gerrit Dijkstra of Gerryt Dykstra (Britswert, 3 desimber 1897 – Lochem, 13 maaie 1973), wie in frisist en oant 1963 learaar Dútsk oan 'e gymnasia fan Ljouwert en Snits. In bekend learling fan Dijkstra wie Cees Andriesse.
Dijkstra promovearre yn 1946 op in Fryske dissertaasje oer libben en wurk fan Eeltsje Halbertsma en sette út it Yslânsk en it Deensk oer, nammentlik de Gunnlaugssêge en wurk fan Blicher, Kirk en Heinesen. Syn Skandinavyske bibleteek waard ûnderbrocht yn 'e Provinsjale Bibleteek te Ljouwert. Syn frou Welmoed Dijkstra-Talsma fersoarge fan 1931 oant 1952 de bernerubryk fan 'e Ljouwerter Krante ûnder de namme Muoike Wike.
Oersettings 1952 - De Dominy fan Vejlby (nei Steen Steensen Blicher) 1958 - De Gunnlaugssaga (nei in Aldyslânske sêge) 1965 - De Fiskers (nei Hans Kirk) 1972 - It Nije Hiem (nei William Heinesen)
Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Britswert Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1973