Allert Nanne Duintjer (Feandam, 8 septimber 1905 – Ljouwert, 9 novimber 1992) wie notaris yn Ljouwert fan 1949 oant 1973.Oud-notaris Duintjer (87) overleden, Ljouwerter Krante, 10 novimber 1992
Biografy
Hy waard berne as soan fan Engbert Jurjen Duintjer (1873–1956) en Jetske Franciska Ottema (1881–1959).Berte-akte, AlleGroningers Syn heit wie direkteur fan in ierdappelsetmeelfabryk yn Veendam en syn broer Marius Duintjer (1908–1983) wie arsjitekt.
Op 30 juny 1936 troude er yn Haren mei Antonia Lucretia Nanninga (1907–1993).Houliksakte, AlleGroningers Harren soan Herbert Nanne Duintjer (1938–1964) ferstoar op jonge leeftyd, it Herbert Duintjer Fûns is oprjochte as earbetoan.Stichting Herbert Duintjer Fonds
Duintjer wie ponghâlder fan It Fryske Gea sûnt 1934 en fan it Sint Anthony Gasthûs sûnt 1945. Foarsitter fan de Stichting it Ald Burger Weeshûs yn Ljouwert en sûnt 1955 bestjoerslid fan it bestjoer fan de Ottema-Kingma Stichting. Hy waard beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau yn 1968.Kanselarij der Nederlandse Orden: gedecoreerden
Hy ferstoar op 9 novimber 1992 yn syn wenplak Ljouwert en is op 12 novimber begroeven op de Noarderbegraafplak dêre.Rou-advertinsje Allert Nanne Duintjer, Ljouwerter Krante, 10 novimber 1992 Syn frou, dy't in jier letter ferstoar, waard neist him begroeven.Rou-advertinsje Antonia Lucretia Duintjer-Nanninga, Ljouwerter Krante, 21 septimber 1993
Kategory:Nederlânsk notaris Kategory:Nederlânsk natoerbeskermer Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Frysk notaris Kategory:Frysk natoerbeskermer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Feandam Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1992 Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau