De Bûnspartij foar Senioaren, tsjintwurdich offisjeel it Nêderlânsk kampioenskip keatsen senioren neamd, is op de PC nei de âldste keatspartij. Begjinnend mei de oprjochtingsdei fan de KNKB yn 1897, doe noch de Fryske Keatsbûn, stiet dizze partij op Pinkstermoandei op it wedstriidprogramma.

Skiednis De earste Bûnspartij, sa't de partij meast koartwei neamd wurdt, waard wûn troch Peins mei Jan Reitsma, Teake de Jong en Bernardus Wiersma. Om propaganda te meitsjen foar it keatsen, waard de partij yn de earste 25 jier yn ferskate plakken hâlden. Fan 1922 ôf wurdt de partij yn Frjentsjer ferkeatst. De Bûnspartij is mar twa kear net holden. Yn 1943 en 1944 gie de partij fanwege de oarloch net troch. Yn 2022 moast de Bûnspartij healerwege de twadde omloop beëinige wurde fanwegen it minne waar.

Priis De wikselpriis, in sulveren bal, is yn 1900 troch Pim Mulier beskikber steld. De bal mei alve rútfoarmige sulveren plaatsjes mei de wapens fan de alve Fryske stêden is troch Mulier sels ûntwurpen. De bal hinget oan in read-wyt-blau lint mei dêroan trije sulveren platen mei de wapens fan Eastergoa, Westergoa en de Sânwâlden.

Súkselfolste ofdielings De partij is it faakst wûn troch Harns, mei 14 oerwinnings. Twadde bin Frjentsjer en Ljouwert, mei elk 10 oerwinnings.

Klaverke Fjouwer De Bûnspartij is mei de Freulepartij, de Jong Nederlânpartij en de PC ien fan de partijen dy't diel útmeitsje fan it Klaverke Fjouwer. Dat is in bysûndere priis, ynsteld troch de PC, foar keatsers dy't der yn slagje al dy fjouwer partijen te winnen.

Winnerslist JierPlakKeatsers 2026 Dronryp Rick MinnesmaTsjisse SteenstraJorn Lars van Beem 2025 Minnertsgea Marten BergsmaJacob WassenaarHendrik Kootstra 2024 Bitgum Tjisse SteenstraPaul DijkstraHans Wassenaar 2023 Minnertsgea Jacob WassenaarMarten BergsmaHendrik Kootstra 2022 Bitgum Tjisse SteenstraPaul DijkstraHans Wassenaar 2021 Minnertsgea Marten BergsmaJacob WassenaarHendrik Kootstra 2019 Easterlittens Simon Zijlstra Pier Piersma Erwin Zijlstra 2018 Bitgum Tjisse Steenstra Johan van der Meulen Steven Koster 2017 Ljouwert Enno Kingma Jouke Bosje Hans Wassenaar 2016 Minnertsgea Marten Bergsma Hylke Bruinsma Hendrik Kootstra 2015 Minnertsgea Chris Wassenaar Hylke Bruinsma Hendrik Kootstra 2014 Minnerstgea Chris Wassenaar Hylke Bruinsma Hendrik Kootstra 2013 Goutum Hendrik Tolsma Dirk Jan van der Woud Daniël Iseger 2012 Sint Jabik Rutmer van der Meer Renze Pieter Hiemstra Taeke Triemstra 2011 Minnertsgea Chris Wassenaar Hylke Bruinsma Hendrik Kootstra 2010 Goutum Hendrik Tolsma Dirk Jan van der Woud Daniël Iseger 2009 Goutum Hendrik Tolsma Dirk Jan van der Woud Daniël Iseger 2008 Sint Jabik Rutmer van der Meer Renze Pieter Hiemstra Taeke Triemstra 2007 Berltsum Folkert van der Mei Auke van der Graaf M. Feenstra 2006 Minnertsgea Chris Wassenaar Jacob Wassenaar Klaas Anne Terpstra 2005 Minnertsgea Chris Wassenaar Jacob Wassenaar Cornelis Terpstra 2004 Berltsum M. Feenstra B. van der Graaf Auke van der Graaf 2003 Minnertsgea Klaas Anne Terpstra Cornelis Terpstra Chris Wassenaar 2002 Grins K.J. van der Lei Sake Porte D. Groenendijk 2001 Minnertsgea Klaas Anne Terpstra Jacob Wassenaar Chris Wassenaar 2000 Dronryp Simon Minnesma Jan Willem van Beem W. Visser 1999 Ljouwert Simon Minnesma Pieter van Tuinen Hotse Rusticus 1998 Grins Pieter van Tuinen Sake Porte Johannes Gerrit Dijkstra 1997 Dronryp R. Groothof W. Visser Jan Willem van Beem 1996 Hallum J. Meirink Pieter van Tuinen Kor Zittema 1995 Grins Johannes Gerrit Dijkstra Sake Porte Pieter Tienstra 1994 Grins Johannes Gerrit Dijkstra Sake Porte Pieter Tienstra 1993 Ljouwert Erik Seerden D. Boomstra R. Roosjen 1992 Huzum A. Kooistra Johannes van Dijk Gerrit Okkinga 1991 Frjentsjer Erik Seerden L. Leeuwen Tunno Schurer 1990 Huzum S. Kleefstra L. Postma Gerrit Okkinga 1989 Frjentsjer A. Tolsma L. Leeuwen Tunno Schurer 1988 Frjentsjer A. Tolsma L. Leeuwen Tunno Schurer 1987 Froubuert Eelke Idsardi Sake Porte Piet Jetze Faber 1986 Dronryp Coos Veltman G. Boomstra D. van der Leest 1985 Froubuert Eelke Idsardi Tj. de Groot Piet Jetze Faber 1984 Seisbierrum J. Hesselius Johannes van Dijk Johannes Brandsma 1983 Frjentsjer Sipke Saakstra K. Wierstra Tunno Schurer 1982 Sint Jabik Joop Bierma H. Leeuwen Reinder Triemstra 1981 Seisbierrum J. Hesselius Johannes van Dijk Johannes Brandsma 1980 Ternaard W. Dijkstra J.A Dijkstra W. Oberman 1979 Makkum H. Hellinga Bert Rinia Sj. Rinia 1978 Winsum Sake Saakstra G. Fokkens Durk Fokkema 1977 Frjentsjer Tjisse Wallendal Jan van der Molen Johannes van der Ploeg 1976 Stiens K. Bouma Piet Jetze Faber Johannes Westra 1975 Drachten Johan van Seijst R. Ferwerda Flip Soolsma 1974 Frjentsjer Johan van Seijst Sikke Sikkema André Roosenburg 1973 Winsum G. Fokkens H. Kramer Johannes van der Ploeg 1972 Marsum Lammert Breuker Robert van Wieren Wieb van Wieren 1971 Berltsum Germ Okkinga Th. Dijkstra H. Sijpersma 1970 Sint Anne H. Spijkstra Flip Soolsma W. Hiemstra 1969 Sint Anne G. van der Meer Flip Soolsma W. Hiemstra 1968 Frjentsjer Johan van Seijst Sikke Sikkema P. de Groot 1967 Baard Tamme Velstra P. Tuinman D. van der Zee 1966 Harns Hotze Schuil Johan Jansen Johan Halbesma 1965 Harns Hotze Schuil Johan Jansen Johan Halbesma 1964 Baard Johan van Seijst Tamme Velstra P. Tuinman 1963 Ljouwert R. de Groot A. Hiemstra J. Pander 1962 Weidum P. Koopmans Æbe Haima Durk Tolsma 1961 Harns Hotze Schuil Johan Jansen Johan Halbesma 1960 Ljouwert R. de Groot A. Hiemstra J. Pander 1959 Ljouwert J. Rodenhuis A Hiemstra D. van der Zee 1958 Harns P. Schuil Hotze Schuil Johan Jansen 1957 Ljouwert J. Rodenhuis S. van der Zee A. Hiemstra 1956 Frjentsjer S. Bouwma C. Hoekstra Wytse Vlietstra 1955 Harns Hotze Schuil Sikke Olivier A. de Jong 1954 Makkum D. Lemstra Albert Rinia R. Kuiper 1953 Ljouwert J. Rodenhuis S. van der Zee Frans Helfrich 1952 Ljouwert J. Rodenhuis A. Veldkamp Frans Helfrich 1951 Weidum F. Monsma F. Hiddinga J. de Groot 1950 Weidum F. Monsma F. Hiddinga J. de Groot 1949 Harns Hotze Schuil Sikke Olivier Frans Helfrich 1948 Harns Hotze Schuil Sikke Olivier Frans Helfrich 1947 Harns Hotze Schuil Sikke Olivier Frans Helfrich 1946 Bitgum B. van Loon G. Rijpstra Sj. Rijpstra 1945 Weidum S. de Groot F. Hiddinga J. de Groot 1944 gjin wedstriid fanwegen de Twadde Wrâldkriich 1943 1942 Weidum S. de Groot F. Hiddinga J. de Groot 1941 Berltsum J. van der Lei S.A. de Haan B. Wiersma 1940 Weidum G. Jellema F. Hiddinga J. de Groot 1939 Berltsum J. van der Lei A. van der Meulen A.A. de Haan 1938 Berltsum J. van der Lei S.A. de Haan A.A. de Haan 1937 Winaam Ynze Kuperus P. Fennema Sjouke Helfrich 1936 Weidum G. Jellema F. Hiddinga J. Volbeda 1935 Sint Jabik Klaas Kuiken Dooitzen de Bildt Sjouke Helfrich 1934 Sint Jabik Klaas Kuiken Dooitzen de Bildt Sjouke Helfrich 1933 Sint Jabik Klaas Kuiken Dooitzen de Bildt Sjouke Helfrich 1932 Harns Hans Knol Pieter Helfrich Klaas de Jager 1931 Harns J. van Dijk Ids Roukema Klaas de Jager 1930 Harns Hans Knol Ids Roukema Klaas de Jager 1929 Dokkum Gerben Koster Klaas Wiebrens Kooistra Ids Jousma 1928 Harns Hans Knol Ids Roukema Klaas de Jager 1927 Dokkum Gerben Koster Klaas Wiebrens Kooistra Ids Jousma 1926 Harns Hans Knol Ids Roukema Klaas de Jager 1925 Bitgum A. Kramer Joh. Bosma S. Zijlstra 1924 Dokkum Gerben Koster Klaas Wiebrens Kooistra Ids Jousma 1923 Wytmarsum Taede Zijlstra J. IJntema J.A. Reitsma 1922 Tsummearum O. Postma J. Draijer T. de Jong 1921 Dokkum Gerben Koster Klaas Wiebrens Kooistra Ids Jousma 1920 Dokkum Gerben Koster K. Boersma Ids Jousma 1919 Dronryp C. Tijssen S. Kamstra Sybolt Meyes Tigchelaar 1918 Snits J. de Vries A. Rienstra J. Jillings 1917 Wytmarsum Ids Roukema Catrinus Werkhoven Rein Zaagemans 1916 Harns Ids Roukema U. Posthuma Sikke de Vries 1915 Peins S.J. van de Witte R. Wielenga Jan Reitsma 1914 Frjentsjer Rinze Werkhoven J.U. Vlietstra Anne Smidts 1913 Frjentsjer IJ. Aukema J.U. Vlietstra Anne Smidts 1912 Wytmarsum Catrinus Werkhoven Sytze Abeles Kooistra J. Cuperus 1911 Wytmarsum Catrinus Werkhoven Sytze Abeles Kooistra J. Cuperus 1910 Ljouwert Tjeerd Wiebrens Kooistra Sybolt Meyes Tigchelaar G. Ronner 1909 Tsummearum T. Groendijk T. Swart Sj. Dijkstra 1908 Wytmarsum J. Zaagemans Sytze Abeles Kooistra Rein Zaagemans 1907 Wytmarsum Catrinus Werkhoven Sytze Abeles Kooistra Rein Zaagemans 1906 Kimswert A. Oosterbaan C. Helfrich M. Helfrich 1905 Marsum G. Terpstra Pieter Hovinga H. van der Vliet 1904 Wytmarsum Catrinus Werkhoven Sytze Abeles Kooistra J. Cuperus 1903 Wytmarsum Catrinus Werkhoven Sytze Abeles Kooistra J. Cuperus 1902 Peins S. Jorritsma H.J. Hiemstra Jan Reitsma 1901 Bitgum M. de Vries G. Wassenaar A. Groeneveld 1900 Marsum Jan Sjoerds Kuperus Jacob Kuperus H. van der Vliet 1899 Peins H. Risselada H.J. Hiemstra Jan Reitsma 1898 Peins H. Risselada H.J. Hiemstra Jan Reitsma 1897 Peins B. Wiersma T. de Jong Jan Reitsma

Measte oerwinningen 14x Harns 10x Minnertsgea Frjentsjer Ljouwert 6x Sint Jabik Berltsum Bitgum 5x Peins

Kategory:Keatspartij Kategory:Evenemint yn Frjentsjer Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1897