It Keninklike Nederlânske Keatsbûn of KNKB is it bûn dêr't de measte keatsferienings yn Nederlân by oansletten binne.

Skiednis It KNKB is op Pinkstermoandei 7 juny 1897 as Fryske Keatsbûn oprjochte troch Willem Westra op inisjatyf fan keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer. Dy dei waard ek de earste Bûnspartij keatst. It bûn waard letter werneamd ta it Nederlânske Keatsbûn (NKB), en krige letter it predikaat Keninklik. Op 1 april 1994 is it KNKB fusearre mei it Kristlike bûn foar de Fryske Keatssport, CFK, mar behold de namme KNKB.

Aktiviteiten Utsein de PC is it bûn formeel de organisator fan alle offisjele keatspartijen, wêrûnder de Nêderlanske kampioenskippen yn alle troch it bûn fêststelde kategoryen. It is it oerlisorgaan fan alle oansletten keatsferienings yn Nederlân, dy't ek wol ôfdielings neamd wurde. It soarget ek foar genôch, kwalitatyf goed materiaal, kaderfoarming en de bûnstreningen foar selektearre keatsers. It bûn is ek de behearder fan it Keatsmuseum, yn Frjentsjer.

Ynternasjonaal It KNKB is oansletten by de ynternasjonale keatsfederaasje CIJB (Confederation Internationale du Jeu de Balle), dêr't ûnder oaren ek it Belgysk Keatsbûn, de Frânske Jeu de Paume federaasje, de Italiaanske Pelota Elastico federaasje en it Falensiaansk keatsbûn mei ferbûn binne.

Ledetallen Ledentallen, NOC*NSF

Jier Ledetal Ferienings Boarne20249.495108www.knkb.nl20239.523202220219.4301082020 2019 10.545 110 2018 111 2017 11.300 114 Jierferslach KNKB 2016 2016 11.800 115 Jierferslach KNKB 2014-2015 2015 13.776 115 2014 12.891 116 Jierferslach KNKB 2014-2015 2013 15.046 123 2012 14.064 124 2011 13.994 124 2010 13.483 123 2009 13.947 124 2008 14.390 127 2007 14.574 125 2006 14.672 125 2005 15.139 125 2004 15.139 126 2003 15.275 126 2002 15.340 124 2001 127 1999 15.212 126 1996 15.563 124 1993 18.059 1990 16.821 1987 16.987 1984 13.986 1981 13.049 1978 12.000

Kategory:Keatsen Kategory:Frysk sportbûn Kategory:Nederlânsk sportbûn Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1897