Kapellebrug is in doarpke yn 'e Nederlânske gemeente Hulst. It doarp leit súdlik fan Sint Jansteen en hat 350 ynwenners (2026). Kapellebrug leit op 'e grins fan Nederlân en Belgje yn in boskige omjouwing.

Skiednis Kapellebrug is ûntstien om de Kapel Us-Leaffrouwe-ter-Eecken oan 'e eardere feart tusken Gint en Hulst. Yn 'e omkriten fan dizze kapel lei in brêge oer dy feart.

Oant 1976 hie Kapellebrug in eigen legere skoalle. Dy skoalle is lykwols fusearre mei skoallen yn Sint Jansteen en it skoaltsje yn Kapellebrug is opheft.

It besjen wurdich De Kapel Us-Leaffrouwe-ter-Eecken stiet op 'e hoeke fan 'e Gintskefeart (hjoed-de-dei in strjitnamme) en de Brouwerijstrjitte. De kapel datearret út 1935, mar is in beafeartsplak sûnt de lette midsiuwen.

Kategory:Plak yn Hulst