It Frysk Dambûn of it Provinsjaal Frysk Dambûn (PFDB) waard oprjochte op 7 jannewaris 1928 mei as doel promoasje fan it damspul op it 100-rutige boerd, it saneamde "ynternasjonale boerd". It bûn is in ûnderôfdieling fan it Keninklik Nederlânsk Dam Bûn. Primêre doelen binne de organisaasje fan damwedstriden yn Fryslân en gearwurking mei de KNDB foar de organisaasje fan nasjonale wedstriden.
It mânske argyf fan it PFDB wurdt sûnt 2005 bewarre by Tresoar.
Skiednis It Provinsjaal Frysk Dambûn ûntstie yn 1928, doe't fjouwer Fryske damclubs harren krêften bondelen yn ‘Dambond Friesland’. Yn de rin fan 1929 sleat it bûn him oan by it lanlike Nederlânske Dambûn, mar net lang dêrnei waarden de bannen wer ferbrutsen. Yn 1942 waard, as gefolch fan in maatregel fan de Dútske besetter, it Provinsjale Fryske Dambûn (koartwei de PFDB) foarme, mei 25 oansletten damclubs, dy ferplichte lid waarden fan it lanlike bûn. De relaasje mei it lanlike dambûn, it Keninklike Nederlânske Dambûn (KNDB) wie noch gâns jierren problematysk. Nei de oarloch ûntstie sels in skuorring, wêrby’t ferskate clubs har ôfskieden fan de PFDB en mei-inoar de âlde namme ‘Dambond Friesland’ brûkten.
In bysûnder probleem yn Fryslân foarmen de finansjen. Hûnderten dammers binne út mienskipsgefoel lid fan de pleatslike damferiening, sûnder har yn ieren en sinen dammer te fielen. Dêrom wurdt de kontribúsjeôfdracht oan it KNDB as in beswier field. Om dy beswieren yn de mjitte te kommen en omdat yn Nederlân persintueel fierwei de measte dammers yn Fryslân wenje, krige it bûn wat finansjele privileezjes. Yn de jierren fyftich sleat in grut diel fan de ‘ôffalligen’ him wer oan by de PDBD. Letter slueten ek de Noardeastpolder en Meppel har oan by it Frysk bûn, en ek de Damkring Marknesse spile fan 1954 ôf syn kompetysjewedstriden by it PFDB. In diel fan de clubs bleau lykwols ûnôfhinklik damjen.
Yn de Súdwesthoeke fan Fryslân bestiet al sûnt de 30-er jierren in lyts, ûnôfhinklik dambûn mei achttjin oansletten clubs. Ien tsiental, it Súdwesthoekteam, mei dêryn earste boerdspilers fan de oansletten ferieningen, spile noch lang mei yn de kompetysje fan de PFDB.
Yn 2003 bestie it Provinsjale Fryske Dambûn 75 jier. Ta gelegenheid fan dit jubileum ferskynde in it jubileumboek ‘’Leafhawwers en topdammers’’. Yn dit boek wurdt de skiednis fan de PFBD beskreaun.
Fryske damteams yn de nasjonale kompetysje De heechst spyljende Fryske damclub yn de nasjonale kompetysje is Damkombinaasje Fryslân, dy't sûnt it seizoen 2011/2012 wer yn de heechste nasjonale klasse (de eareklasse) útkaam. Damclub Huizum (dy't yn 1974 Nederlânsk kampioen waard) en Damclub de Aldehou spylje in klasse leger yn de Haadklasse A. Ein jierren 90 en begjin ienentweintichste iuw spile DC Rinsumageast yn de heechste lanlike klasse. Yn 1999 waard it twadde plak helle. Yn 2023 spile Damkombinaasje Fryslân yn de twadde klas fan it KNDB.
Yndividuele prestaasjes Twa leden fan de PFDB binne wrâldkampioen wurden, nammentlik Harm Wiersma (6x) en Jannes van der Wal (yn 1982). Sy hellen ek ferskate kearen in nasjonale titel, lykas Pieter Bergsma (yn 1968), Frank Drost (yn 1978) en Auke Scholma (yn 1995). Wrâldkampioen by de junioaren waarden Bauke Bies (yn 1977) en Wabe van der Wyk (yn 1999).
Fan de bestjoersleden wienen H. de Boer, Roel Bergsma, Pieter Bergsma en R. Scheer lang as bestjoerslid aktyf. In bekend earelid is Anton Schotanus.
Untwikkeling Sûnt de oprjochting groeide it oantal oansluten ferienings yn Fryslân nei sa'n 20 yn 1953. Sûnt 1953 kamen der in soad klups by, omdat doe de KNDB foar Fryslân in geunstige kontribúsjeregeling ynstelde. Yn 1970 wiene der 45 oansluten ferienings, dêrnei kaam de groei. Yn it seizoen 1973/1974 wienen 59 ferienings mei yn totaal 1242 leden by it Provinsjale fryske Dambûn oansluten. Op 1 septimber 2003 wiene yn Fryslân noch 47 clubs aktyf yn de provinsjale kompetysje fan it Provinsjale Frysk Dambond, de PFDB. Ek wiene der noch in oantal net-organisearre clubs yn de provinsje. Wol organisearre, mar net by de FPBD, binne it Súdwesthoekebûn mei likernôch 21 oansletten clubs en it Dambûn Frysk Spul, dêr’t likernôch 10 clubs by oansletten wiene. www.pfdb
Yn 2023 wie it tal clubs dat yn de provinsjale kompetysje spile weromrûn nei 16 clubs. ClubnammeOprjochte Plak Spyllokaasje Bezint Eer Gij Begint 1962 Britsum Britsenburg (Britsum); 2007: fúzje mei Aldebiltsyl Dokkum/Rinsumageast 1926 Dokkum De Beyer damkring Emmeloord Emmeloord MFC Nieuw Jeruzalemkerk Oefening Kweekt Kunst 1935 Gerkeskleaster gebou Rehoboth Excelsior 1931 Harns De Koegelbult Huizum 1932 Huzum/Ljouwert doarpshûs Ien en Mien Lemmer 1936 De Lemmer De Zandbanken Heerenveen/Mildam 1935 Mildaam Hof van Schoterland Oerterp/Drachten 1948 Oerterp mfs. De Wier Troch Tinken Sterk 1930 Surhústerfean De Lantearne Steenwijk ‘36 1936 Tuk kafee De Karre Twijzelerheide 1934 Twizelerheide De Jister Urk aan Zet/Rasmode 1983 Urk postdoweferiening Tot Weerziens Eensgezindheid 1931 Wâldsein mfs De DriuwpolleDamcombinatie Fryslân2007Wânswert Bolsward-Workum-Combinatie 1963 Warkum De Klameare Ophefte clubs Understeande clubs wiene earder lid fan de PFDB, hawwe har ôfmelde as lid of binne fusearre. ClubnammeOprjochte Plak Spyllokaasje Achlumer damclub 1949 Achlum Akkrum Akkrum Oudebildtzijl 1958 Aldebiltsyl Het Graauwe Paard Ontspanning 1937 Aldeboarn Doarpshûs De Jister Oudega 1970 Aldegea (Smell.) De Smidterij Oudega-W. Aldegea-W. Oudehaske Aldehaske Oldetrijne Aldetrine Oude- en Nieuwehorne Ald- en Nijhoarne Friese Grens 1961 Appelskea Zuidwesthoek damteam Bakhuzen mfs De Gearte Mearslach Giet Foar 1963 Boalsert Griff. Sintrum Birdaard Burdaard Houdt Stand Bergum 1927 Burgum Kiehool Burum Boerum De Miszet 1936 De Broek Broek o. Akkerwoude Broek û. Ikkerwâld Buitenpost e.o. Bûtenpost Boelensstate Delfstrahuizen 1937 Dolsterhuzen Donkerbroek 1926 Donkerbroek Dorpshûis Oan 'e Feart De Skouwer 1945 Driezum IJlster Damclub (IJDC) 1924 of 1925 Drylts Yn des. 1960 waard it 35-jierrich bestean fierd Drogeham 1975 Droegeham Ens Ens Akmarijp/Terkaple 1938Eagmaryp/Terkaple Anjum Eanjum Oosterend Easterein Oosterwolde Easterwâlde Franeker 1971 Frjentsjer FNV-gebou Garijp 1936 Garyp Gorredijk 1961 De Gordyk herberch De Vrolijke Keizer Trynwâlden/Gytsjerk 1961 Gytsjerk De Toer 1935 Grou Bierhalle Harlinger Damclub gie fierder mei Excelsior ûnder de namme Excelsior Harlingen (dc Harlingen) Harns Haulerwijk 1945 Haulerwyk doarpshûs De Enter Heerenveen 1935 It Hearrenfean Paul Kruger Heidenschap It Heidenskip Hijum Hijum Hemrik e.o. 1945 Himrik Het Koetshuis Holwerd Holwert Hommerts De Hommerts De Lokzet 1976 Hurdegaryp Hindeloopen Hylpen Oefening en Vermaak Ikkerwâld Engwierum Ingwierrum jeugd dc Itens Itens doarpshûs De Lytse Fjouwer Jelsum Jelsum Jubbega Jobbegea Idskenhuizen Jiskenhuzen Eestrum Jistrum Joure e.o. 1929 De Jouwer kafee ’t Syl Wêz Wis 1957 Ketlik tegearre mei Oranjewoud fusearre ta Mildam Kollum Kollum T.O.G. 1935 Koudum Langweer Langwar Lioessens Ljussens Stânfriezen Ljouwert De Oldehove 1964 Ljouwert ’t Knooppunt Gezellig Samenzijn (GS) 1934 Ljouwert mei DCL fusearre ta De Oldehove Leeuwarden (DCL) 1925 Ljouwert mei GS fusearre ta De Oldehove Ons Huis Ljouwert Luttelgeest LuttelgeestTamek Damkring NWO Marknesse 1953 Marknesse De Breehof Meppel Meppel Mildam Mildaam Hof van Schoterland Molenend 1961 Mûnein Munnikezijl Muntsjesyl Nagele 1974 Nagele Nijbeets Nijbeets N.D.C. Nijemirdum 1954 Nijemardum Vooruit Noardburgum Opgien yn Houdt Stand Bergum Offingawier Offenwier Oranjewoud 1934 It Oranjewâld mei Ketlik fusearre ta Mildaam Opeinde 1986 De Pein doarpshûs De Wringe Pingjum Penjum Ons Genoegen Raard Roordahuizum Reduzum Rinsumageest 1933 Rinsumageast doarpshûs De Beijer, fusearre mei Dokkum Rottum Rottum Rijperkerk Ryptsjerk Sint Johannesga e.o. (Rotsterhaule) 1969 Sint Jansgea kafee Van der Zwaag Schoterzijl Skoattersyl Sleat 1930 Sleat Slijkenburg Slikenboarch De Kroonschijf Snits Sneeker Damclub 1923 Snits wykgebou De Schuttersheuvel De Harste 1947 Sumar doarpshûs De Kamp Stiens Stiens Jurjen Tolsma 1961 Stiens Zurich Surch Suawoude Suwâld Terzool (Ons genoegen?) Tersoal Ternaard Ternaard Terwispel Terwispel Tijnje De Tynje Nut en Nocht 1937 Tytsjerk Tjalleberd Tsjalbert Wanswerd Wânswert doarpshûs Eldorado Onderling Genoegen 1927 Warkum De Klameare Warns Warns T.N.S. Troch Neitinken Sterk Warten De Denkers 1936 Waskemar jeugddamclub Wergea Wergea Warga Wergea De Damrakkers 1977 Wergea senioareclub waard letter in jeugddamcub Ons Genoegen De Westereen Westergeest / Kollumerzwaag Westergeast / Kollumersweach Wierum Wierum Tot Ons Genoegen 1945 Wolvegea De Ark Damnocht 1948 Wûns
Kategory:Damjen Kategory:Fryske damklup Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1928