De Fedde en Martha Bergsmapriis is in toanielpriis foar oarspronklike Fryske toanielstikken. De priis wurdt ien kear yn 'e fiif jier útrikt. Dêroan is in bedrach fan 1000 euro ferbûn.
De priis is yn 1994 ynsteld troch Ari van Tienhoven dy’t yn ’e oarloch by de famylje Bergsma ûnderdûkt west hat. Om’t de Bergsma’s in soad dien hawwe foar de stimulearring fan it Fryske toaniel waard de priis ornearre foar de Fryske toanielskriuwerij.
Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t yn 'e ôfrûne fiif jier skreaun binne. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang.
Winners 2025: Wessel de Vries - Thúsblaze 2021: Freark Smink - Wat Soesto 2017: Bouke Oldenhof - Feteranen 2013: Rients Gratama - Eintsje libben 2008: Bouke Oldenhof - Lette Ropping 2003: Romke Toering - Baarderlân 2000: Antine Zijlstra - 16! 1997: Baukje Miedema - In Beslút 1994: Tsjitske de Boer - Prins Moreo
Kategory:Fryske teaterpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1994