Nowy Dwór Królewski is in doarp yn Poalen mei likernôch 170 oant 190 ynwenners en in oerflak fan sa'n 370 ha (3,7 km²) yn 'e gemeente Papowo Biskupie.Central Statistical Office (GUS) – TERYT (National Register of Territorial Land Apportionment Journal); 2008-06-01 It heart ta it distrikt Chełmno, yn it woiwodskip Koejaavje-Pommeren. Yn it doarp stiet in lânshûs út likernôch 1875.Waldemar Rodzynkowski, Zarys Dziejów Gminy Papowo Biskupie, 1996.

Skiednis It plak wurdt foar it earst neamd yn 1398. Yn dat jier wurdt der skreaun dat Nowy Dwór Królewski 32 hynders, 20 kij, 215 skiep en 90 bargen hat. Yn Dútske dokuminten en kroaniken komt it plak foar as Nuwenhof, Nuwenhuf, Nuwemhoff en Koenigliche Neuhof. Fan 1398-1421 wie it in doarp fan de Teutoanske Oarder. Yn 1505 wie it doarp besit fan de biskop fan Chełmno. thumb|left|Kaartsje fan it doarp Yn 1772 by de Poalske Dielings (1772, 1793 en 1795) kaam it oan West-Prusen, yn it departemint Kwidzyn. De earste telling fan de befolking wie yn 1773.

Yn 1900 is it doarp besit fan Zuzanna Witte. Fan 1910 oant 1945 wie it fan Gerhard Witte.

Koart foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich ferlieten de measte ynwenners it plak út eangst foar de Dútskers.Waldemar Rodzynkowski, Zarys Dziejów Gminy Papowo Biskupie, 1996 It plak waard rillegau nei it begjin fan de oarloch ynnaam en foar in part ferneatige.Waldemar Rodzynkowski, Zarys Dziejów Gminy Papowo Biskupie, 1996

Earst yn 1996 krige it plak oansluting op it telefoannet (gebietskoade 56).

+ Plakken yn 'e omkriten Doarp km Niemczyk 1 Folgowo 2 Staw 2 Wrocławki 2 Bartlewo 3 Firlus 3 Papowo Biskupie 3 Błachta 4 Tytlewo 4 Lipienek 4 Łyniec 9 Piątkowo 9 Napole 9 Zakrzewo 9 Zelgno-Bezdół 9 Wabcz 9 Malankowo 9 Rybieniec 9 Witkowo 9 Wabcz Kolonia 9

Gallery

Kategory:Plak yn woiwodskip Koejaavje-Pommeren Kategory:Plak yn Poalen