Campen is in plak yn de Dútske gemeente Krummhörn, lânkring Auwerk dielsteat Nedersaksen. It Eastfryske terpdoarp leit 12 km noardwestlik fan Emden en hat 475 ynwenners (2020). Under it doarp falt de útbuorren (Ortschaft) Heiselhusen.
Skiednis Campen ûntstie op in kwelderrêch yn in seeklaailânskip.Doarpsbeskriuwers fan it Ostfriesische Landschaft: Campen, Gemeinde Krummhörn, Landkreis Aurich. (PDF; 987 kB), oproppen op 18 april 2013. It doarp waard foar it earst neamd yn de 10e iuw as in Campe maiori. Yn de 10 en 11e iuw waard de namme Campun gongber. Lettere nammefarianten wiene in maiori Compum (1395) en Kampen (1424). De plaknamme is in datyf meartalfoarm fan it Aldfryske wurd "kamp" of "komp", itjinge "fjild" betsjut. De namme betsjut dus "yn de fjilden". Muntfynsten wize op dat Campen al yn 'e iere midsiuwen bewenne waard. Yn 'e 13e iuw bouden de ynwenners fan it doarp op it heechste punt fan de terp in tsjerke.
Yn 1744 kaam Campen, lykas hiel Eastfryslân, yn Prusyske hannen. De Prusyske amtners stelden yn 1756 in statistysk oersicht fan de ambachten yn Eastfryslân op. Dat jiers wiene der yn Campen 15 keap- en ambachtslju, dêr't Campen efter by bleau neffens it neie Loquard, dêr't gâns mear ambachts- en keaplju wennen. Yn Campen wiene der fjouwer kleanmakkers, twa smidden, skuonmakkers en linnenswevers, en ien kûper, bakker, mitselder en timmerman. De iennige keapman hannele yn sjippe, krûderijen, sûker en tee.Karl Heinrich Kaufhold; Uwe Wallbaum (Hrsg.): Historische Statistik der preußischen Provinz Ostfriesland (Quellen zur Geschichte Ostfrieslands, diel 16), útjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1998, ISBN 3-932206-08-8, side 383.
Campen en Heiselhusen hearden yn it Hannoveriaanske tiidrek fan Eastfryslân ta it Amt Emden, it baljuwskip Larrelt en it ûnderbaljuwskip Loquard, dat njonken Loquard, Campen en Heiselhusen ek Rysum en Canum omfieme.Friedrich Jansen: Statistisches Handbuch des Königreichs Hannover 1824. side 110.
Heiselhusen, dat oant doe in selsstannige gemeente wie, waard yn 1929 by de doetiidske gemeente Campen foege. Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich naam Campen in grut tal flechtlingen út 'e eastgebieten fan it Dútske Ryk op. Yn 1946 foarmen se 23,1 prosint fan de doarpsbefolking. Op 1 july 1972 waard Campen by de doe nij foarme gemeente Krummhörn foege.
It besjen wurdich Campen hat in fjoertoer dy't mei 65,3 meter de heechste fan Dútslân is. Hy waard yn 1889 boud en is sûnt 1891 yn bedriuw. Wa't nei boppen wol moat 320 treden op. By goed sicht rikt it each oan de Eastfryske Waadeilannen, Emden, sels Delfsyl ta.
It Ostfriesische Landwirtschaftsmuseum stiet ek yn Campen, ûnderbrocht yn twa Gulfhöfen. Der is âld boere-ark út de jierren 1930 oant yn de jierren 1950 te besjen. Yn de simmermoannen wurde der spesjale tentoanstellingen organisearre.
Fierders is der ek de Herfoarme Tsjerke, út de 13e iuw, en de Grifformearde Tsjerke út 1905.
Keppeling om utens Offisjele hiemside fan de gemeente Krummhörn
Kategory:Krummhörn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt) Kategory:Plak yn East-Fryslân