De grutte alk (Pinguinus impennis) wie mei 75 sm de grutste fûgel út de famylje fan de alkfûgels. Sûnt likernôch 1844 is de soarte lykwols útstoarn.
De grutte alk kaam in grutte oantallen foar op de eilannen oan de eastkant fan Kanada, op Grienlân en yn Yslân, Noarwegen, Ierlân en Grut Brittanje. De grutte alk koe hiel best swimme, mar yn tsjinstelling ta de oare Alkfûgels koe er net fleane. De grutte alk lei mar ien aai yn it jier.
Troch dy stadige fuortplanting, en om't er net fuortfleane koe, wie de soart hiel kwetsber foar de minsken oer. Dy minsken makken lykwols jacht op de fûgels, om it fleis en om it dûns, wat foar matrassen brûkt waard. Op dy wize is de soarte troch de jacht útrûge. It lêste pearke is deamakke op 3 july 1844 op it eilân Eldey foar de kust fan Yslân. Der hat letter noch in melding west fan immen dy't in eksimplaar sjoen hie by Newfoundland yn Kanada.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Alkfûgel Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn 1844 Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee