thumb|right|400px|Henricus Antonides Nerdenus
Henricus Antonides Nerdenus, ek wol Henricus Antonii Nerdenus (Naarden, 13 febrewaris 1546 - Frjentsjer, 20 maart 1614), wie fan de stifting yn 1585 ôf heechlearaar godgeleardens oan de Universiteit fan Frjentsjer.
Henricus Antonides van der Linden brûkte de Latynske namme Nerdenus nei syn berteplak Naarden. Henricus boaske mei Ludoviva Herberts Wijncoop, en se hiene yn alle gefallen ien soan: Henricus Antonides van der Linden.
As heechleraar wie Henricus in praktikus, dwaande mei lêsjaan en mei de organisaasje fan de universiteit. Hy wie heechleraar yn Frjentsjer oant syn dea yn 1614.
Yn de Martinetsjerke yn Frjentsjer is noch syn grêfstien te finen, lykas it tinkboerd oanbean troch syn pakesizzer Johannes Antonides van der Linden. Grêfstien te Boalsert ?
Bibliografy Systema theologicum disputationibus publicis propositum in Academia Franequerensi, praeside Henrico Antonii Nerdeno, praemissa est praefatio dedicatoria, in qua & purioris religionis per Belgium instauratae historia, & ejus retinendae necessitas exponitur eodem auctore. Aegidius Radaeus, Frjentsjer, 1611. Initia academiae, Franequerensis, ejusdem, templi & gvbernationis. Gilles van den Rade, Frjentsjer, 1613.
Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1546 Kategory:Persoan stoarn yn 1614