De strânljip (Haematopus ostralegus) is de meast foarkommende soarte út de famylje fan 'e strânljipfûgels. De 43 sm grutte fûgel is goed te werkennen oan syn wat dûbele bou, syn swart-wite fearren en syn fel oranje snaffel en poaten.
Beskriuwing thumb|left|Fleanende strânljip. De strânljip is in grutte en kompakte waadfûgel mei in lingte fan 39 oant 44 sm, wêrfan't de snaffel 6,5 oant 9 sm en de spanwiidte 72–83 sm is. De fûgel is foar it grutste part wyt oan 'e ûnderkant en swart oan 'e boppekant. Hy hat in lange oranje-reade oant reade snaffel, rôze-eftige poaten en reade eagen. Wyfkes en mantsjes binne allyk, útsein dat de snaffel fan it wyfke trochstrings wat langer is. Juvenile fûgels hawwe mear griiseftich rôze poaten en in mear brune rêch, en de snaffeltop is donker.
De populaasje yn East-Aazje ûnderskiedt him fan 'e Jeropeeske strânljippen troch ûnder oaren in langere snaffel en in dúdlik oar juvenyl- en winterkleed.
Karakteristyk foar de strânljip by it fleanen is, njonken de wite ûnderkant fan 'e rêch, de brede wite wjukbannen oan 'e boppekant fan 'e wjuk en de brede swarte râne op 'e sturt. Hy fljocht rjochtút en mei rappe wjukslach.
Oare nammen De strânljip wurdt yn it Frysk ek wol fjildakster/ekster, bûnte liuw/ljip/pyt of Stynske ljip of liuw neamd. De namme bûnte liuw komt yn ferskate foarmen yn 'e noardlike dialekten foar. It Amelânsk hat it oer bonteluw, it Tekselsk lieuw(e) en it Wieringsk jout neffens in strjitnamme yn 'e nijbou fan Hippolytushoef bonkte lieuw.
Fersprieding en systematyk De strânljip komt yn grutte dielen fan Euraazje foar, fan West-Jeropa troch Sintraal-Aazje oant Sina. Foar it grutste part is it in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Jeropa of Súd-Aazje. Allinnich yn West-Jeropa bliuwt de strânljip it hiele jier op itselde plak.
Der binne fjouwer ûndersoarten fan 'e strânljip erkend:
H. o. ostralegus mei in fersprieding yn Jeropa en it westen fan Ruslân. H. o. longipes yn it easten en suden fan Ruslân. H. o. osculans yn it easten fan Aazje. H. o. buturlini fan West-Kazakstan oant Noardwest-Sina.
Eartiids waard de Nijseelânske bûnte strânljip ek as ûndersoarte fan 'e gewoane strânljip beskôge, oant genetysk ûndersyk útwiisde dat it om in aparte soarte giet. thumb|250px|Jonge strânljip. De strânljip komt it hiele jier troch foar oan 'e kusten fan 'e Noardsee en fan 'e Ierske See. Briedfûgels út noardlike gebieten (Skandinaavje en Yslân) lûke winterdeis nei it suden. In soad fûgels oerwinterje oan 'e Noardsee en op 'e Britske Eilannen. Oaren lûke nei Spanje en Afrika. Om de Middellânske See hinne komme lytsere populaasjes foar. De strânljippen út it easten fan Aazje migrearje yn 'e winter nei it suden fan Sina.
Nederlân De soarte ûntbrekt yn Nederlân allinnich yn boskrike kriten en op it lytsskalige kultuerlânskip. De fierweihinne heechste tichtheden sitte yn it westen en noarden fan it lân, fral op kwelders, mar ek yn iepen polders mei in ôfwikseling fan gers- en boulân. Bolwurken yn Nederlân binne it Waadgebiet en de Siuwske delta. De strânljip wreide syn briedgebiet yn 'e 20e ieu sterk út nei it binnenlân. Sûnt likernôch 1985 hat der in delgong west, dy't nei 2000 wat belune. De oarsaken dêrfoar lizze sawol yn 'e briedtiid as yn 'e winter. Briedfûgels bringe foaral yn it yntinsyf brûkte boerelân te min jongen grut, wylst oerwinterjende fûgels mei krapte oan iten te krijen ha. De strânljip hat ek platte dakken ûntdutsen yn stedske gebieten om op te brieden. De strânljippen yn stêden sykje it iten op gersfjilden en sportfjilden. Neffens rûzings briede fan 'e Nederlânske populaasje yn 2023 15% fan 'e strânljippearen op dakken yn it binnenlân. De briedpopulaasje waard yn 2018-2020 op 30.000 oant 37.000 pearen rûsd. De oerwinterjende oantallen binne lykwols folle heger.
Fuortplanting thumb|250px|Fideo fan in Strânljip mei piken By't maaitiid begjinne de strânljippen inoar yn kloften it hof te meitsjen. Se rinne dan mei de snaffel nei ûnderen om inoar hinne, wylst se lûd roppe. De fûgels hawwe in ienfâldich nêst, in lyts kûltsje wêryn't se sa'n 2-4 aaien lizze. It nêst kin op it strân wêze, op it boulân, yn 'e greide of sels tusken grint op in plat dak. De aaien komme nei 4 wike út.
Ofbylden
Iten De strânljippen ite meast wjirms of skulpdieren.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2012 troch Wetlands International rûsd op 1 oant 1,16 miljoen yndividuën en de Jeropeeske populaasje waard yn 2019 troch BirdLife International rûsd op 500.000 oant 1.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. De oantallen nimme ôf troch in grut tal faktoaren, wêrûnder yntinsive fiskerij op skulpdieren en habitatferlies troch oantaasting en fersteuring fan 'e kustgebieten dy't foar de fûgels wichtich binne as briedgebiet, as tuskenstasjon by de trek of as oerwinteringsgebiet. Dêrfandinne stiet de soarte sûnt 2015 op 'e Reade List fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânljip Kategory:Greidefûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân