Petrus Anthonius Antonides (Britsum, 4 augustus 1657 - Raerd, 9 maaie 1738) wie dûmny yn Ealsum en Raerd (1697-1737).
Petrus Antonides waard berne as fjirde bêrn fan Antonius Petri en Jancke Tammeri Baerdt.
Yn 1684 waard er dûmny yn Ealsum, dêr't er 2 juny 1689 boaske mei Trijntje Verhoeck (*Ljouwert, 1668). It pearke krige hjir trije bêrn: Andreas Antonides, 9 maart 1690. Jancke Antonides, 10 jannewaris 1692. Antonius Antonides, 27 septimber 1696.
Fan 1697 oant en mei 1736 wie Antonides dûmny yn Raerd, dêr't it pear noch trije bern krige: Sara Antonides, 8 maaie 1698. Antoni Antonides, 7 novimber 1703. Anne Antonides, 18 maart 1708. Yn dit plak is Antonides 9 maaie 1738 ek ferstoarn.
Kategory:Frysk predikant Kategory:Persoan berne yn Britsum Kategory:Persoan stoarn yn Raerd Kategory:Persoan berne yn 1657 Kategory:Persoan stoarn yn 1738