Ynte Wiepkes Tiesma (Easthim, 8 maaie 1857 - Ljouwert, 19 maaie 1935) wie in feehâlder en bestjoerder.
Hy wie ien fan de earste Fryske koöperators dy't mei Riemer Veeman foarop gie yn de koöperative beweging. Wie bestjoerslid fan it Bûn fan Koöperative Molkfabriken, Fryske Lânbou Underlinge, de Fryske Maatskippij fan Lânbou en de Koöperative Boerelienbank East- en Súdkant yn Ljouwert.
Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Easthim Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1857 Kategory:Persoan stoarn yn 1935