Jos Valentijn (Ter Aar, 28 maart 1952) is in eardere hurdrider. Hy wie spesjalisearre op de sprintôfstannen. Letter waard er (sport)fysioterapeut op It Hearrenfean.

Hy is ûnder oare bekend troch de klongelige wize wêrop at er yn 1976 de wrâldtitel sprint ferspille. Nei trije ôfstannen stie Valentijn boppe-oan yn it klassemint, mei in foarsprong fan 0.29 op de nûmer 2, Dan Immerfall (oerienkommend mei 0.58 sekonden op de 1000 meter). Op de lêste 1000 meter waard Valentijn wegens 3 falske starts diskwalifisearre. Uteinlik wûn de Sweed Johan Granath de titel.

Valentijn is troud mei âld-hurdrydster Haitske Pijlman, en heit fan âld-turnster Rikst Valentijn.

Persoanlike rekords 500 m : 38,40 ( 20 febrewaris 1977, Innsbruck ) 1000 m : 1.17,3 ( 5 febrewaris, 1976, Davos ) 1500m : 2.00,33 ( 31 jannewaris 1976, Davos )

Resultaten jaar NK Sprint WK Sprint1970 1972 10e 1973 1974 1975 1976 DQ4 1977 4e 1978 4e - = gjin dielname DQ4 = diskwalifisearre op de 4e ôfstân

Medaljespegel kampioenskipgoudsulverbrûnsWK Sprint010

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1952