thumb|Martin Heidegger Martin Heidegger (Meßkirch, 26 septimber 1889 - Freiburg, 26 maaie 1976) wie in Dútske filosoof. Hy wurdt beskôge as ien fan de grutste en wichtichste filosofen fan de tweintichste iuw. Syn haadwurk Sein und Zeit is wiidferneamd.

Oer him wurdt wakker net gelyk tocht: syn tige persoanlik taalgebrûk, syn eigensinnige ynterpretaasje fan benammen âld-Grykske teksten en syn koarte, mar wier wol, politike stipe oan de opkommende nasjonaalsosjalistyske beweging hawwe him by kritisy út de hoeke fan de analityske en marksistyske filosofy yn it kwea deiljocht set. Nettsjinsteande dat is syn tinken foar oare wiisgearen oant de dei fan hjoed wol in boarne fan stúdzje en ynspiraasje.

Literatuer , Gesamtausgabe ferskynd by Vittorio Klostermann yn Frankfurt am Main. , Heidegger en zijn tijd, 1995 (in oersetting fan Ein Meister aus Deutschland – Heidegger und seine Zeit, 1994). (mei biografy) , Zijn en Tijd, oersetting fan Sein und Zeit troch M. Wildschut (1998)

Keppeling om utens http://www.heidegger.org https://www.martin-heidegger.org Wiidweidich oer Rektoratsrede Filosofie.info - online publikaasjes fan Oudemans oer Heidegger Hearing Heidegger and Saussure troch Elmer G. Wiens. Heidegger yn Holland troch Jozef Keulartz en Antoine Verbij yn De Groene Amsterdammer fan 26 novimber 1997

Kategory:Dútsk filosoof Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk publisist Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Persoan berne yn 1889 Kategory:Persoan stoarn yn 1976