Us Frysk Berneboek wie in stifting dy't yn 1942 oprjochte waard om de útjefte fan goede en goedkeape Fryske berneboeken te befoarderjen. Der wiene sa'n 300 donateurs. Yn oktober krigen skoallen folders. Yn gearwurking mei de ûnderwizers wie tsjin Sinterklaas de oplage ( ± 1500 ) foar it meastepart ferkocht. De earst noch hege oplagen rûnen wat werom, mei trochdat de útjouwers mear yn dizze rjochting wurkjen giene.

Utjeften (kar-út) Jonges fan Gaesterlân - Inne de Jong Moarke - A. Meester-De Vries Sikkeman - B. van der Veen Djoke - Jant Visser-Bakker

Kategory:Frysk Kategory:Fryske útjouwerij Kategory:Fryske stifting Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1942 Kategory:Organisaasje opheft yn 1993 Kategory:Organisaasje yn Ljouwert