De seepappegaai (Fratercula arctica) is in 30 sm grutte fûgel út de famylje fan de alkfûgels. Hy is goed wer te kennen oan syn swartwite fearren en syn snaffel yn fel read, giel en swart.
Fersprieding De seepappegaai briedt yn koloanjes oan de Atlantyske kusten, de eastkust fan Noard-Amearika, op Yslân en op de Jeropeeske Atlantyske kust. Bûten de briedtiid swalkje se op de see om wêrby't se wol fierder nei it suden sakje.
Iten De seepappegaai yt meastentiids fisk. Hy kin tagelyk fisken fange en festhâlde yn syn snaffel. Sa kin hy wol mear as tsiin fiskjes tagelyk meinimme.
Fuortplanting De seepappegaai is in hoalebrieder dy't briedt yn koloanjes. Hy brûkt wol besteande hoalen, mar meastentiids graaft hy sels in hol fan wol in meter djip. De yngong wurdt somtiden troch meardere famyljes brûkt. It nêst oan it ein fan de gong is beklaaid mei gers, planten en fearren. Dêr leit it wyfke ien sa'n 7 sm grut aai. Dit aai wurdt yn 35 dagen útbret.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Seepappegaai Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Hudsonbaai