thumb|Jan van Wicheren Johan Joeke Gabriël (Jan) van Wicheren (Ljouwert, 29 maart 1808 - Ljouwert, 8 oktober 1897) wie in Ljouwerter (portret)skilder.
Libben Van Wicheren waard berne as achtste bern fan Pieter van Wicheren, kassier en effektehanneler en Amarentia Huijs. Hy wie in learling fan Willem Bartel van der Kooi en Otto de Boer. Van Wicheren wie net troud. Hy wurke yn Grins (1829-1838), dêr't er ien fan earste learmasters fan Jozef Israëls wie. Yn 1838 fêstige er him wer yn Ljouwert, dêr't er ek ferstoarn is.
Wurk Yn it stedhûs fan Ljouwert hingje portretten dy't er makke hat fan Kening Willem I, Kening Willem II en Kening Willem III ( ). Sels waard er ± 1828 portrettearre troch Gosling Posthumus (1800-1832).
Galery
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1808 Kategory:Persoan stoarn yn 1897