Kleaster Mariënberch of Stientsjerk wie in kleaster fan sistersjinzer susters yn Catrijp by Terbant. It waard nei alle gedachten stifte út Kleaster Blomkamp wei ûnder ynkorporaasje fan de parochytsjerke.

Om 1375 hinne gie it oer nei de Dútske Oarder en waard ferpleatst nei Nes (1401, doe nei Aldskoat. Kaam ± 1514 werom nei it âlde stee en regel. Fêstige him yn 1518 yn Lúnbert dêr't de prior pastoar waard. Opheft by de Reformaasje yn 1580.

Kategory:Kleaster yn Fryslân Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 14e iuw Kategory:Organisaasje opheft yn 1580 Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1580