260px|thumb|De Kugelbake fan Cuxhaven, Dútslân In kaap of seekaap is in beaken foar de skipfeart en is in markant punt yn it lânskip dêr't it gebrûk fan iuwen tebek giet. Kapen waarden boud op sânplaten, it ein fan in pier of in daam of op in dúntop.

Bou In kaap hat ornaris gjin ljocht en is deis goed werkenber troch syn eigen foarm.

Der binne metalen en houten kapen. Kapen fan hout hawwe meast in fjouwerkante grûnfoarm en besteane út fjouwer peallen dy't skean tsjininoar set binne, dêr't in spesifike houten foarm op fêstmakke is. In metalen kaap is trochstrings in iepen toer of stellaazje, makke fan bygelyks getten izer, mei meast in seishoekige foarm.

Etymology "Kaap" as oantsjutting foar in beaken foar de skipfeart hat in oare etymologyske oarsprong as "kaap" yn bygelyks Kaap de Goeie Hope. Dat lêste is ôflaat fan capo (haad), wylst de earste fan 'útsjen' ("uitkijck") komt.Woordenboek der Nederlandsche Taal

Nederlân Yn Nederlân binne de neifolgjende kapen bekend: Plak Namme Boujier Materiaal Gps lokaasje Oosterend (Teksel) IJzeren Kaap Izeren Kaap 1854 getten izer 53°04.700' N 4°53.900' E De Kalkman Rijkswaterstaat plaatst nieuwe kaap op Engelsmanplaat — 2007 hout 53°27.327' N 6°03.474' E Skiermûntseach Willemsdún 1967 hout 53°29.842' N 6°17.935' E Skiermûntseach Kobbedunen ûnbekend hout 53°29.200' N 6°13.600' E Rottumereach Rottemeroog/RottumDe KaapTocht naar Rotumeroog Emderkaap 1883 getten izer 53°32.652' N 6°34.650' E Skylge Noardkaap, Lytse kaap 1978 stiel 53°26.456' N 5°30.903' E It Gryn — ûnbekend hout 53°15.120' N 5°15.060' E

Dútslân Yn Dútslân is de Kugelbake fan Cuxhaven in bekende kaap dy't ek yn it stêdswapen opnomd is.

Kategory:Bouwurk nei soarte Kategory:Skipfeart