thumb|300px|FOKA aksje yn maaie 1974 yn Utingeradiel (Ljouwerter Krante 29-05-1974).

De Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy (ôfkoarte FOKA) wie yn it jier 1974 in organisaasje fan Fryske studinten yn Grins. Foaroanmannen fan de FOKA wienen Alex Riemersma en Auke van der Goot.

Fokus Nei Kneppelfreed wienen der troch de oerheid ferskate tasizzingen dien oan it Fryske folk. Neffens de organisaasje wie it plak fan it Frysk yn iepenbiere rûnten noch fierstente lyts.

Aksje Yn 'e nacht fan 24 op 25 april wie de earste aksje ûnder it motto: "Frysk Blinders". In stikmannich ferkearsbuorden, plaknammebuorden en oare iepenbiere opskriften waarden mei plakplaatsjes en ferve bekladde. De FOKA hie de plaknamme- en strjitnammebuorden oanpakt, omdat dy de konkrete symboalen binne dy't de macht fan de oerheid oantoane. De skea wie sa likernôch 3.000 gûne.FOKA fervet buorden mei Nederlânsktalige teksten oer út de Ljouwerter Krante fan 25-04-1974 op De Krant van toen (sjoen op 10 maaie 2020)

Op 15 maaie reizgen plysjes út Fryslân nei Grins om dêr fjouwer Fryske studinten te hearren. Twa bekenne by de FOKA te hearren, de oare twa ûntkenne.Friese politie jaagt in Groningen op FOKA út de Ljouwerter Krante fan 16-05-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)

Yn 'e nacht fan 28 op 29 maaie kaam de organisaasje fannijs yn aksje, diskear yn Utingeradiel. By dy aksje easke de FOKA fan de ANWB om foar 1 septimber 1974 de útspraak te dwaan, dat foar 1 jannewaris 1976 alle troch him yn Fryslân oanbrochte buorden yn it Frysk steld wêze soenen. De FOKA sei dat se derop rekkenje soenen, dat de FRAM en de PTT itselde dwaan soenen. De skea yn Uteringadiel wie 500 gûne.FOKA slacht wer ta: nou yn Utingeradiel út de Ljouwerter Krante fan 29-05-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)

Op 2 juny oppenearre de FOKA him yn de Súdwesthoeke oer Fryske tsjerketsjinsten. De organisaasje hong pamfletten oan tsjerkedoarren mei it boadskip dat God wol Frysk ferstiet.FOKA: God forstiet wol Frysk út de Ljouwerter Krante fan 4-06-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)

De rjochtsaak tsjin de FOKA wie yn desimber 1974, dêr't de leden gjin rjocht by hienen op in pro deo abbekaat.Geen pro deo advokaat voor FOKA leden út de Ljouwerter Krante fan 12-12-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010) Twa Fokaleden waarden yn 1975 feroardiele ta in boete fan F 250,- en in foarweardlike frijheidsstraf. Der waard in gironûmer iepene om de kosten betelje te kinnen.

Sjoch ek List fan Fryske aksjegroepen

Kategory:Fryske feriening Kategory:Fryske Beweging Kategory:Nederlânske politike aksjegroep Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1974 Kategory:Organisaasje opheft yn 1974