Saffron Dominique Burrows (22 oktober 1972) is in Ingelsk aktrise en earder fotomodel.
Bernetiid Burrows waard berne yn Londen, Ingelân yn in polityk aktive sosjalistyske hûshâlding.A surprise called Saffron - British actress Saffron Burrows - CSIVTR, an interview from Find Articles Har heit is arsjitekt en learaar. Mei 15 jier waard hja ûntdekt as model en dat slagge bêst yn de neifolgjende jierren.
Karriêre Burrows hie har filmdebút yn In the Name of the Father (1993). Har earste wichtige rol wie dy fan in ambisjeuze Ierske frou yn Circle of Friends (1995). Ferfolgens ferskynde hja yn Hotel de Love (1996). Dan yn 1999 yn de sci-fi Wing Commander (1999), de thriller Deep Blue Sea, en de eksperimintele film The Loss of Sexual Innocence, ensafuorthinne, sjoch tabel.
In wichtige rol hie sy ek as advokaat Lorraine Weller yn ABC's Boston Legal (Seisoen 4) fan 2007-2008 en yn NBC's nije rige, My Own Worst Enemy, oant dêr mei opholden waard.
Yn 2008 ferskynde hja yn de ûnôfhinklike film The Guitar, dy't foar it earst te sjen wie op it Sundance Film Festival en ek hie hja in stjerrol yn de film The Bank Job.
Sûnt 30 maart 2010 is se te sjen yn Law & Order: Criminal Intent as plysje Serena Stevens. Hja ferfong Julianne Nicholson dy't plysje Megan Wheeler spile oant de ein fan it achtste seizoen.
Persoanlik libben Burrows wie in persoanlike freon fan politikus Tony Benn.See the numerous references to Burrows in Tony Benn's More Time for Politics: Diaries 2001-2007 (Hutchinson 2007). Sy is ek sosjalist en bewûnderet de Frânske sosjaliste Ségolène Royal tige.YouTube - Frost over the World - Saffron Burrows - 28 Mar 08 Sy gie by in anty-rasismegroep doe't se 11 jier wie en waard fise-foarsitter fan de National Civil Rights Movement en hja is warber foar gelike rjochten fan ynfaliden.
Burrows ûntfâlde yn 1999 dat hja leaver ferkearing mei froulju as manlju hat."Swimming with sharks", Film Unlimited (via saffron-burrows.com), 24 October 1999 Hja hie in tal jierren omgong mei filmregisseur Mike Figgis en spile yn guon fan syn films, sa as Miss Julie en Timecode.
Nei't dy ferhâlding dien wie, is sy wat romantyk oanbelanget yn ferbân brocht mei aktrise Fiona Shaw."Saffron Burrows Embraces Lesbian Relationships On-screen and Off", AfterEllen.com, October 2003"Mad About Saffron", Sydney Morning Herald, 15 May 2004"A hint of Saffron", The Observer, 5 May 2002 Beide aktries hawwe hjir gjin kommintaar op leverje wolt. Yn 2006 sette de Independent on Sunday har op nûmer 90 fan meast ynfloedrike homoseksuele persoanen yn it Feriene Keninkryk, Gay Power: The pink list, Independent on Sunday, 2 July 2006 nettsjinsteande dat hja sels nea in útspraak oer har seksuele foarkar dien hat. Lykwols sei in eardere feint fan har, Alan Cumming, yn 2003 I was really lucky that the first relationship I had after [my divorce] was with Saffron, who's really...understanding and a broadminded person. And who's now...As I'm sure you know...Well. She bats for both teams, too.
Filmografy Film Jier Film Rol Oantekenings 1993 In the Name of the Father Famke yn kommune 1995 Welcome II the Terrordome Jodie Circle of Friends Nan Mahon 1996 The Shaman Koarte film I Bring You Frankincense Sarah Brown Koarte film Hotel de Love Melissa Morrison 1997 Lovelife Zoey Nevada Quinn One Night Stand Supermodel The Matchmaker Moira Kennedy Kelly 1999 Wing Commander Lt. kommandant. 'Angel' Devereaux The Loss of Sexual Innocence Ingelske/Italjaanske twaling Deep Blue Sea Dr. Susan McCallister Miss Julie Julie2000 Assumptions Koarte film Timecode Emma Gangster No. 1 Karen2001 Enigma Claire Romilly Tempted Lily LeBlanc Hotel Grevinne fan Malfi2002 Frida Gracie Hideous Man Koarte film2003 El Misterio Galíndez Muriel Colber Peter Pan Story Narrator Stim2004 Troy Andromache Terrible Kisses Frou Koarte film2006 Perfect Creature Lily Klimt Lea de Castro Fay Grim Juliet2007 Broken Thread Jenny Reign Over Me Donna Remar Dangerous Parking Claire2008 The Guitar Melody Wilder The Bank Job Martine Love T Takes: Episode 6 Gast yn keamer 117 Koarte film 2009 Shrink Kate Amberson Telefyzje Jier Titel Rol Oantekenings 1992 Les cinq dernières minutes Daisy Episoade: Meurtre en Ardèche 1995 The Big One Jules TF-film1996 Karaoke Sandra Sollars 4 ôfleverings Cold Lazarus Sandra Sollars 4 ôfleverings 2001 The Seventh Stream Mairead TF-film 2002 Flashpoint Dara TF-PilotAlternative titel: E.I.S.: Epidemiologic Intelligence Service 2007 Marple: Towards Zero Towards Zero#Characters in "Towards Zero" TF-film 2007–2008 Boston Legal Lorraine Weller 20 ôfleverings2008 Wainy Days Lucy WebsearjeWainy Days#Season 3: 2008; Episoade: Nan and Lucy My Own Worst Enemy TV-rige Dr. Norah Skinner 9 ôfleverings2009 Kings (Amerikaanske TF-rige) Death Episoade: The Sabbath Queen The Eastmans Dr. Anna Eastman TF-Pilot 2010 oant no Law & Order: Criminal Intent Plysje Serena Stevens
Keppelings om utens Articles written by Saffron Burrows foar de New Statesman UK Saffron Burrows' Guest DJ Set on KCRW KCRW Guest DJ Set
Kategory:Ingelsk model Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1972