Paulus Cornelis Scheltema (Frjentsjer, 14 desimber 1752 - dêre?, 1 july 1835) wie Fryske boer, skriuwer en ûntfanger fan de Direkte Belestings.
As bynamme hie er Paulus Liger. Hy wie de broer fan Jacobus Scheltema. As boer skreau er oer lânboufraachstikken, dêrnei kaam er by de belestingen te wurkjen. Op lettere jierren krige er niget oan it Frysk. Sa samle er Fryske sprekwurden en bemuoide er him mei it Achlumer terskrjocht. Hy wie in freon fan Joast Halbertsma. De Maatskippij Letterkunde yn Leien en it Frysk Genoatskip hawwe hânskriften fan Paulus Scheltema.
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1752 Kategory:Persoan stoarn yn 1835