thumb|right|300px|Riemkje Pitstra Riemkje Pitstra, (Noardwyk, 6 maaie 1944) is in Fryske skriuwster.
Se groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle gie se nei de roomske kweekskoalle yn Stienwyk. Dêrnei krige se in beneaming oan in twatalige skoalle yn Sint Nyk. Se lei har ta op it skriuwen fan lesmateriaal foar twatalige skoallen. Se die dat by de ûnderwiisbegeliedingstsjinst yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Boppedat folge se in kursus pedagogyk yn Grins. Dêrnei begûn se mei de stúdzje Frysk; yn 1988 slagge se foar de twadde-graads akte. Pitstra kaam te wurkjen by it GCO (Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding yn Fryslân, no Cedin) te Ljouwert.
Skriuwster Foardat se as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de telefyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar 'Marten de Mûs, in telefyzjesearje foar lytse bern. Yn de mande mei Anny de Jong, Jan Schotanus en Janny Vledder-van der Knoop wurke Riemkje Pitstra oan de ‘Op reis-rige’, in nije Fryske lês'rige. Dêrneist skreau se ferskate Fryske berneboeken.
Tomke Se wurke boppedat mei oan it Fryske lêsbefoarderingsprojekt Tomke. Dat lesmateriaal wurdt makke yn de mande mei de Afûk en Omrop Fryslân. Alle jierren ferskynt der in boekje plus in cd, mei ferhaaltsjes, ferskes, taalspultsjes en rymkes, dat ferspraat wurdt ûnder alle pjutteboartersplakken yn Fryslân. Riemkje soarget mei Auck Peanstra foar de teksten fan de ferhaaltsjes yn de boekjes en op de byhearrende cd, dy’t om in beskaat tema hinne skreaun wurde. Omrop Fryslân stjoert de bewurke ferhaaltsjes út.
Wurk 1987 : In liuw yn ’e trein 1987 : De binde fan wite Harm 1989 : Wiger en Maaike : ferhaaltsjes mei flanelplaten foar pjutteboartersplakken 1990 : Dêr is Marten… 1991 : Mentha Minnema en it keldermystearje 1992 : Poef de boef 1994 : Poef wol in jas 1995 : De fersierde krystbeam (meiwurke oan) 1995 : Grutte Giele & Lytse Loer (Hollânske oersetting yn 1995: Gele Gijs en Lange Loeres) 1995 : Mentha Minnema en it keldermysterie (oersetting) 1996 : De bisteboat 1997 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei Anny de Jong en Jan Schotanus) 1997 : Mentha Minnema en it wettermystearje 1997 : Mentha Minnema en het fuikenmysterie (oersetting: Mentha Minnema en it wettermystearje) 1998 : Jord wint in priis (oersetting fan: Jord wint een prijs - 1997) 1999 : Ikke 2000 : Tomke, Romke en de Boekebear op ûntdekkingsreis 2001 : Tomke Romke en harren nije freondinne Kornelia de kangoeroe 2001 : Poef en de wyn 2002 : Tomke, Romke en Kornelia achter it muzyk oan! 2003 : Tomke, Romke en Kornelia skilderje mei kleur 2003 : Tomke : winterboek 2003 : Tomke : in pot fol ferhalen 2004 : Tomke, Romke en Kornelia nei de dokter 2005 : Kikkerts fange mei Tomke 2006 : Kom yn myn hûske (Tomke-boekje 2006) 2006 : Tomke yn ’e bistetún (Lês- en lústerboek) 2007 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema: audioboek, foarlêzen troch Jan Schotanus (mei Anny de Jong en Jan Schotanus) 2008 : Mentha Minnema en it keldermysterie: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer 2008 : Mentha Minnema en it wettermystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer 2008 : Tomke nei skoalle 2008 : Tomke jierboek (mei Auck Peanstra, ferskes: Geartsje Douma) 2008 : Tomke en Romke : earst dit... dan dat (mei Auck Peanstra, ferskes: Geartsje Douma) 2009 : Tomke fakânsjeboek (mei Auck Peanstra e.o.) 2009 : Dêr is Marten wer 2010 : Tomke en Romke yn it ferkear (mei Auck Peanstra) 2010 : Tomke, boartsje yn 't bad 2010 : Tomke ferkearsboek (mei Auck Peanstra) 2011 : Tomke foarlêsferhaaltsjes (mei Auck Peanstra) 2012 : Tomke : dikke tút foar Romke
Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk pedagooch Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk pedagooch Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1944