thumb|275px|Sly op toernee mei Peter Tosh, 1979 Lowell "Sly" Fillmore Dunbar (10 maaie 1952, Kingston, Jamaika - dêre, 26 jannewaris 2026) wie in drummer en muzykprodusint.
Biografy Dunbar syn bynamme soe te krijen hân hawwe mei syn bewûndering foar Sly & the Family Stone. Hy begûn al mei spyljen doe't er 15 jier âld wie, by in pleatslik groepke The Yardbrooms. Syn opnamedebút wie yn 1969 doe't er ferskynde op it album Double Barrel, fan Dave and Ansell Collins mei wa't er letter ek spile yn de band Skin, Flesh And Bones.
Yn 1972 moete er Robbie Shakespear (1953-2020), doetiids bassist by de The Hippy Boys, it waard in libbenslange freonskip en gearwurking. It duo briek troch doe't hja mei Peter Tosh op syn album, Legalize It (1976) spilen. Hja bleaune mei Tosh syn band spyljen, op nochris fjouwer albums, oant 1979 en hja produsearren Tosh's hit mei Mick Jagger, "(Keep On Walking) Don't Look Back" (1978).
De kombinaasje Sly en Robbie waard wol beskôge as de bêste ritmeseksje dy't der te keap is yn de reggaewrâld.
Dunbar en Shakespear stiftsje yn 1980 harren Taxi Records label. Dit label brocht wurk út fan ynternasjonaal súksesfolle artysten as Black Uhuru, Chaka Demus and Pliers, Ini Kamoze, Beenie Man en Red Dragon.
Dunbar spile foar The Aggrovators fan Bunny Lee; The Upsetters fan Lee Perry, 'The Revolutionaries' fan Joseph Hoo Kim en die de opname/produksje foar Barry O'Hare yn jierren 1990.
Sly en Robbie spilen ek op Bob Dylan's albums Infidels en Empire Burlesque. Fierders dienen hja mei oan trije albums fan Grace Jones, en wie der gearwurking mei Herbie Hancock en The Rolling Stones.
Sly Dunbar stoar yn de âlderdom fan 73 jier.
Diskografy Rico 1981: That Man Is Forward
Sly Dunbar 1978: Simple Sly Man 1982: Sly-Go-Ville
Peter Tosh 1977: Equal Rights 1978: Bush Doctor 1979: Mystic Man 1980: Wanted Dread or Alive
Black Uhuru 1979: Showcase 1980: Sinsemilla 1981: Red 1982: Chill Out 1984: Anthem 1986: Brutal 1987: Positive 1987: Guess Who’s Coming to Dinner 1990: Now
Sly & Robbie 1979: Sly Wicked and Slick 1981: The 60's, 70's into the 80's = Taxi 1985: Language Barrier 1987: Rhythm Killers 1988: The Summit (UK) 1999: Drum and Bass Strip to the Bone feat. Howie B 1999: X-Uhuru 2001: In Good Company 2002: Dub Transmission Specialists – Off Duty 2003: Late Night Tales 2004: Sly & Robbie Meet the Mad Professor 2004: Version Born
Keppeling om utens Fotos fan Sly Dunbar Sly Dunbar biografy @ Drummerworld.com
Kategory:Jamaikaansk muzikant Kategory:Jamaikaansk drummer Kategory:Jamaikaansk reggae-artyst Kategory:Jamaikaansk-Kreoalsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1952 Kategory:Persoan stoarn yn 2026