thumb|left|75px|Wapen fan Tsjerkasy thumb|Ortodokse St. Michael katedraal yn Tsjerkasy Tsjerkasy (Oekraynsk: Черкаси, [tʂ͡erˈkasɪ]) is in stêd in it midden fan Oekraïne. It is de haadstêd fan de oblast Tsjerkasy mei deselde namme en teffens it bestjoerlik sintrum fan it rayon Tsjerkasy, dêr't de stêd sels gjin part fan is, omdat it in apart stedsrayon foarmet. Tsjerkasy hie yn 2001 295.414 ynwennersCensus 12-05-2001

Yn de Twadde Wrâldkriich hat der yn 1943-1944 in swiere fjildslach tusken it Reade Leger en de Dútske Wehrmacht by Tsjerkasy west. De fan Russen ynsletten Dútsers koene útbrekke en ûntkomme.

De stêd leit oan it opslachmar fan Krementsjoek, in part fan de rivier de Dnjepr, sa'n 200 km besuden de haadstêd fan de Oekraïne, Kiëv.

It spoar fan Moskou nei Odessa rint troch Tsjerkasy, dêr't it de Dnjepr krúst mei in spoar- en autobrêge mei in lingte fan tolve kilometer.

Tsjerkasy is in universiteitsstêd mei in nasjonale en in technyske universiteit. It is ek it haadplak fan in ortodoks bisdom.

Yn juny 2011 fierde de stêd syn 725e jierdei.

Demografy ynwennertal 1897 - 29,600 1910 - 39,600 1926 - 39,500 1939 - 51,600 1959 - 85,000 1970 - 158,000 1977 - 229,000 1984 - 267,000 2005 - 293,000

befolkingsgroepen 1926 Oekraïners - 61,9% Joaden - 27,6% Russen - 8,6%

1959 Oekraïners - 70% Russen - 22% Joaden - 6%

Kategory:Plak yn de Oekraïne