Don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva (Piedrahíta, 29 oktober 1507 – Lissabon, 11 desimber 1582) wie in foaroansteand Spaansk ealman, politikus, diplomaat en fjildhear fan Kastyljaansk komôf. Syn folsleine namme en titulatuer wie: don Fernando Álvarez de Toledo y Pimentel, 3e hartoch fan Alva (eins: Alba de Tormes), 4e markys fan Coria, 3e greve fan Salvatierra de Tormes, 2e greve fan Piedrahíta, 8e hear fan Valdecorneja, ridder fan 'e Oarder fan it Gouden Flues, grande fan Spanje. Syn foarnamme wurdt ek wol ferfryske en fernederlânske ta Ferdinand.

Hoewol't er in lang amtlik en militêr wurkpaad hie dat him yn Spanje de bynamme de Grutte Hartoch fan Alva opsmiet, stiet er yn Nederlân en Belgje benammen bekend as de Izerne Hartoch, dy't tusken 1567 en 1573 as lânfâd fan 'e Nederlannen mei syn ûnmeilydsum belied eltse fermoedsoening tusken de Steatsksinnigen en de Spaansksinnigen ûnmooglik makke. Dat late ta de útbraak fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch blike soe te wêzen. Yndirekt wied er dêrmei ferantwurdlik foar it ûntstean fan 'e ûnôfhinklike Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, de foarrinner fan it moderne Nederlân.

Libben en karriêre Jonkheid Alva waard yn 1507 berne yn Piedrahíta, yn 'e provinsje Ávila fan it Keninkryk Kastylje, as de soan fan don García Álvarez de Toledo y Zúñiga en dy syn frou Beatriz Pimentel y Pacheco. Syn heit wie de âldste soan en erfgenamt fan don Fadrique Álvarez de Toledo, 2e hartoch fan Alva, en doña Isabel de Zúñiga y Pimentel, en syn mem wie in dochter fan don Rodrigo Alonso Pimentel, 1e hartoch fan Benavente en doña María Pacheco. Doe't Alva trije jier âld wie, sneuvele syn heit García ûnder in Spaanske fjildtocht op it Afrikaanske eilân Djerba, foar de kust fan 'e Osmaanske provinsje Tuneezje.

De opfieding dy't de jonge Alva krige en it ûnderrjocht dat er genoat, wiene typysk foar de Kastyljaanske adel fan 'e Renêssânse. Hy krige yn it kastiel fan Alba de Tormes priveeles fan twa Italjaanske dosinten: Bernardo Gentile, in Sisyljaanske benediktyn, en Severo Marini. Fierders folge er ek lessen fan 'e Spaanske dichter en skriuwer Juan Boscan. De lesstof lei him benammen ta op it roomsk-katolisisme en it humanisme, en taalûnderwiis yn it Spaansk en it Latyn. Fierders learde er ek Frânsk, Ingelsk en Dútsk.

Mei seis jier, yn 1513, beselskippe de jonge erfhartoch syn pake Fadrique by de Spaanske Ferovering fan Ibearysk Navarra. Mear as tsien jier letter, yn 1524, joech de doe santjinjierrige Alva him by it leger fan 'e konstabel fan Kastylje, Íñigo Fernández de Velasco, 2e hartoch fan Frías, foar de ynname fan 'e fêsting Fenterrabía, dy't yn 'e hannen wie fan Frânske en Navarreeske troepen. Om't er him ûnder it belis troch moed en ynset ûnderskaat hie, waard er neitiid beneamd ta gûverneur fan Fuentarrabía. Doe't syn pake yn 1531 kaam te ferstjerren, urf er de hartochstitel fan Alva en alle byhearrende aadlike titels en besittings.

Militêre en politike karriêre Under Karel V Yn 1532 waard Alva troch de Habsburger Karel V, dy't sawol kening fan Spanje as keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie, nei Wenen ta stjoerd om te helpen by de ferdigening fan dy stêd tsjin it optsjende Osmaanske leger. Dat rûn lykwols mei in skamper ôf, want by it Belis fan Güns hiene de Osmanen sa'n soad fertraging oprûn, dat se besleaten ôf te sjen fan in belegering fan Wenen. Alva waard by dizze gelegenheid beselskippe troch de Spaanske soldaat en dichter Garcilaso de la Vega, dy't letter in diel fan syn Ekloge II oan Alva en syn hûs wijde.

Yn 1535 krige Alva it befel om him by it leger fan Alfonso d'Avalos, markys fan de Vasto te jaan, wêrmei't er him yn juny 1535 yn Cagliari, op Sardynje, ynskipe foar de oerstek nei Noard-Afrika. Op 14 july feroveren de Spaanske troepen yn Osmaansk Tuneezje de fêsting La Goleta, en in wike letter fûn de Ynname fan Tunis plak, dat ferdigene waard troch Hayreddin Barbarossa. Yn 1542 fierde Alva ûnder de saneamde Italjaanske Oarloch fan 1542-1546 de Spaanske troepen oan dy't it Frânske Belis fan Perpignan brieken. Dat wie ien fan 'e grutste oerwinnings út Alva syn libben en in slimme tebeksetter foar kening Frâns I fan Frankryk.

Yn 1541 waard Alva troch Karel V beneamd ta grutsteedhâlder fan 'e kening fan Spanje (mayordomo mayor del rey de España). Fierders sloech Karel yn 1546 Alva ta ridder fan 'e yllústere Oarder fan it Gouden Flues. Yn 1547 wie Alva belutsen by de Schmalkaldyske Oarloch tsjin 'e protestantske foarsten yn it Hillige Roomske Ryk. Under de Slach by Mühlberg, oan 'e igge fan 'e Elbe, fierde er de tercios oan, de Spaanske kartroepen dy't troch in oanfal yn 'e flank fierhinne ferantwurdlik wiene foar de nederlaach dy't it keizerlike leger yn dy fjildslach tabrocht oan 'e troepen fan karfoarst Jehan Freark I fan Saksen. Dyselde wie dêrtroch twongen om 'e fernederjende Kapitulaasje fan Wittenberg te tekenjen, in fredesferdrach wêrby't it Hartochdom Saksen de karweardichheid (tydlik) opjaan moast.

Fan 1548 ôf rette Karel V him ta foar syn troansôfstân. Foarútrinnend dêrop moast syn soan en opfolger, kroanprins Filips, klearstoomd wurde foar it keningskip oer Spanje. It tafersjoch op dy wichtige taak fertroude Karel ta oan Alva. Dy naam de kroanprins mei op in reis troch Jeropa dy't duorre oant 1551. Op 25 july 1554, doe't Filips yn 'e Abdij fan Winchester, yn Ingelân, troude mei keninginne Marije I fan Ingelân, wie Alva ien fan 'e fyftjin grandes fan Spanje dy't by dy seremoanje oanwêzich wiene. Yn 1555 waard Alva nei de Italjaanske dielen fan it Spaanske keninkryk ta stjoerd, dêr't er it befel krige oer it Spaanske leger dat in nije Frânske oanfal ôfslaan moast. Dêrta waard er beneamd ta gûverneur fan it Hartochdom Milaan.

Yn Itaalje Nei't Karel V yn 1556 ôfstân die fan 'e troan, waard er as kening fan Spanje opfolge troch de kroanprins, ûnder de namme Filips II fan Spanje. De nije kening hold Alva de rest fan syn libben oan as grutsteedhâlder, en stelde him boppedat oan as ûnderkening fan it Keninkryk Napels (dat de hiele súdlike helte fan 'e Lears fan Itaalje omfieme).

Paus Paulus IV, in fijân fan 'e Habsburgers, sleat foar de Pauslike Steat in ferbûn mei de kening Hindrik II fan Frankryk om 'e Spanjerts yn 'e Italjaanske Oarloch fan 1551-1559 út Itaalje te ferdriuwen. Yn july 1557 ferklearre de paus Filips II ferfallen fan 'e troan fan Napels. Alva wifke net, mar teach daliks op nei Rome oan it haad fan in leger fan 12.000 Spaanske soldaten. Dy fjildtocht finansierde er troch in liening foar it bedrach fan 430.000 dukaten oan te gean mei Bona Sforza, de keninginne-dûairiêre fan Poalen. Dy liening, dy't nea werombetelle waard, kaam neitiid bekend te stean as de Napolitaanske Som. Paulus IV frege om in wapenstilstân, mar inkeld om tiid te winnen, sadat in Frânsk leger ûnder befel fan Frâns, hartoch fan Guise, de Spanjerts yn 'e Súdlike Nederlannen ferslaan koe mei as gefolch dat Spanje twongen wêze soe en freegje om frede. De Frânsen waard lykwols opfongen troch in Spaansk leger ûnder Lamoraal, greve fan Egmont, dy't se fersloech yn 'e Slach by Saint-Quentin. Alva weefde dêrnei ôf mei it leger fan 'e Pauslike Steat, en yn septimber 1557 besette er Rome, sadat it ynstee de paus wie dy't twongen wie om in fernederjende frede te sluten.

Yn 1559 wie Alva, yn 'e mande mei Antoine Perrenot de Granvelle, de biskop fan Atert, en Willem fan Oranje, ien fan 'e trije heechste Spaanske diplomaten by de fredesûnderhannelings mei Frankryk, dy't úteinlik laten ta de Frede fan Cateau-Cambrésis. Mei dat ferdrach, dat in iuw lang soarge foar frede mei Frankryk, makke Spanje helpboarnen frij dy't fan dy tiid ôf ynset wurde koene foar de kolonisaasje fan Amearika. De frede waard besegele troch it houlik, sletten yn Parys, fan Filips II, dy't koart tefoaren widner wurden wie fan Marije de Bloedige fan Ingelân, mei Isabella fan Falois, de dochter fan Hindrik II fan Frankryk. It wie in houlik by folmacht, wat betsjutte dat de brêgeman net persoanlik by de houliksseremoanje oanwêzich wie. Ynstee liet Filips him dêr fertsjintwurdigje troch Alva.

Yn 'e Nederlannen Yn 1563 skoep Filips foar Alva syn soan Fadrique de titel fan hartoch fan Huéscar. Fadrique syn hâlden en dragen late lykwols ta ferwidering tusken kening en hartoch, doe't de jonge ealman it yn 1566 oanlei mei in Magdalena de Guzmán. Fadrique hie it fanke it ûnthjit dien om mei har te trouwen, mar nei't er har ferlaat hie, briek er wurd. Om't Magdalena in hofdame wie fan Filips syn oarehelte, keninginne Anna fan Eastenryk, bemuoide Filips him persoanlik mei de saak. Fadrique waard finzen set yn it Kastiel fan La Mota, yn Valladolid. Alva bewurkmastere lykwols dat Fadrique yn 1567 frijlitten waard, sadat er troch tsjinst yn 'e Nederlannen syn morele skuld ynlosse koe.

Yn 'e Nederlannen, dy't ek ta it Spaanske Ryk hearden, fûn nammentlik fan augustus oant oktober 1566 de Byldestoarm plak, wêrby't ketterske kalvinisten roomske symboalen yn tsjerken en kleasters fernielden, lykas hilligebylden, krusifiksen en ikoanen. Om't syn healsuster Margareta fan Parma, dy't Filips by syn troansbestiging it bewâld oer de Nederlannen taskikt hie, nei it tinken fan 'e kening dúdlik faald hie, besleat er om ynstee Alva as lânfâd oan te stellen, en him in leger fan 10.000 man mei te jaan om elts teken fan opstannigens finaal de kop yn te drukken. Mei Alva arrivearren yn 'e Nederlannen Spaanske ofsieren as Francisco Verdugo, Francisco de Valdez, Sancho d'Avila en Cristóbal de Mondragón, nammen dy't al rillegau bekend wurde soene út 'e oarloch.

Binnen in moanne nei syn oankomst yn 'e Nederlânske haadstêd Brussel, op 22 augustus 1567, rjochte Alva (op 20 septimber) de saneamde Ried fan Beroerten op, in rjochtbank dy't de ferantwurdliken foar de Byldestoarm berjochtsje moast. Yn 'e folksmûle waard dy ynstelling al rillegau de 'Bloedrie' neamd. Behalven Byldestoarmers en oare ketters rjochte Alva syn pylken ek op 'e roomske Nederlânske adel, dy't foar in grut part foarstanner wie fan in dialooch mei oarstinkenden en dy't him boppedat oankante tsjin bemuoienis fan bûtenôf, lykas troch de kening. Fan 'e trije lieders fan it aadlik ferset hie Willem fan Oranje de oankomst fan Alva net ôfwachte. Syn famylje kaam oarspronklik út Nassau, yn it Rynlân, en Oranje hie dêrhinne de wyk nommen. Dat wie in ferstannich beslút, want Alva liet de oare beide aadlike lieders, Lamoraal, greve fan Egmont, en Filips fan Montmorency, greve fan Hoarne, op 9 septimber oppakke en finzen sette yn it kastiel Gravensteen yn Gint. Op 5 juny 1568 waarden de beide mannen op 'e Grutte Merk yn Brussel ûnthalze foar majesteitsskeining. Alva fierde in wier skrikbewâld, en Egmont en Hoarne wiene mar twa fan hûnderten en letter tûzenen lju dy't nei skynprosessen ta de deastraf feroardiele en eksekutearre waarden.

Dêr kaam noch by dat foar de befoarrieding en de soldij fan 'e troepen dy't Alva meinommen hie nei de Nederlannen in soad jild koste. Dat jild moast earne wei komme, en it liek Alva net mear as reedlik ta as de Nederlânske befolking, dy't úteinlik mei syn opstannich hâlden en dragen de komst fan it leger nedich makke hie, ek foar de kosten opdraaide. Dêrom besocht er en fier in foar Spaanske begripen normaal systeem fan fêste belestings yn, ta ferfanging fan it âlde stelsel wêrby't de lânshear (yn dit gefal de kening fan Spanje) eltse kear as er wat woe in saneamde bea dwaan moast by de Steaten-Generaal fan 'e Nederlannen.