Johan Rengers van ten Post, (Ten Post, 5 maart 1542 - dêre, 8 septimber 1626) wie in Grinslanner ealman. Fan 1580 - 1594 wie er frijheidsstrider tsjin de Spanjerts en harren oanhing. Dêrnei kaam er yn hege amten, ûnder oare kurator fan de Hegeskoalle.

Hy skreau it wurk Extract uuth verscheiden historien, cronijckemn enz.(oant 1585), wêrfoar't er Eggerik Beninga, Johan Harmens van Lemego, Sybe Jarichs en Worp fan Thabor brûkte.

Kategory:Nederlânske adel Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Ten Boer Kategory:Persoan berne yn 1542 Kategory:Persoan stoarn yn 1626