Jan Herman Riemersma (Menaam, 10 desimber 1860 - Gytsjerk, 1 augustus 1942) wie in ûnderwizer en skoalhaad. Wie ek tige fertsjinstlik op maatskiplik gebiet. Hy stie lang oan de skoalle yn Gytsjerk en rjochte yn 1911 it Bûn fan Sjongkoaren op. Yn 1932 stifte Riemersma de Federaasje fan Begraffenisferienings. Hy hie grutte belangstelling foar Fryslâns ferline. Skreau in oantal artikels wêrûnder De terpen in Nederland (1892), De landaanwinning in de Friesche Wadden en de verbinding van Ameland met de Friesche wal (1901) en De Lauwerszee (1901).
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Persoan berne yn Menaam Kategory:Persoan stoarn yn Gytsjerk Kategory:Persoan berne yn 1860 Kategory:Persoan stoarn yn 1942