Lourens de Rook (De Lemmer, 1 maart 1884 - dêre, 13 maaie 1952) wie in koardirigint. Mei de mingde sjongferiening 'Excelsior' helle er in soad súksessen.
Lourens wie ien fan de tsien soannen út de muzikale húshâlding fan Klaas de Rook senior. Dy syn soannen Jan en Poppe waarden ek koardirigint, Carel waard lid fan it Keninklik Konsertgebouorkest (hjir). Klaas de Rook jr. wie oprjochter en earste dirigint fan it Twintsk Filharmoanysk Orkest.
De Rook skreau muzyk by ferskate Fryske gedichten: Peaske en Jongsémans Ofskie fan Pieter Jelles Troelstra Boi fan Jan Durks van der Mei Maitiidsleafde fan Douwe Kalma Us Sudersé, Jongereinliet (Frysk Nasjonael Boun), Nei Reikjavik, Liet foar Lemmer fan Fedde Schurer
Kategory:Frysk dirigint Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Persoan stoarn op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1952