Jacob Rusticus, meast Jaap Rusticus neamd, (Bûtenpost, 31 maart 1913 - Ljouwert, 14 augustus 1972) wie in fertsjintwurdiger, keunstskilder, grafikus en byldhouwer út Bûtenpost.

Biografy Jaap Rusticus wie in soan fan slachter Ykele Rusticus en Geertje van der Linde. Hy wurke ynearsten by syn heit yn de saak. Nei't dy oernaam waard troch in broer, gie Rusticus yn 1942 oan it wurk as fertsjintwurdiger by stienhouwerij Klaas de Vries yn Bûtenpost. "Beeldhouwer Rusticus 'n provinciale figuur?", Nieuwe Provinciale Groninger Courant, 19 desimber 1964. Hy hie niget oan keunst, mar de tekenkursus by de Maatschappij tot Nut van't Algemeen boeide him net. "Jaap Rusticus, kunstenaar", De Binnenste Buitenpost., 1215.

Hy krige les fan Jo Kloek en Herman Dijkstra (1904-1976) P.M.J.E. Jacobs (2000) Beeldend Benelux : biografisch handboek. Tilburg: Stichting Studiecentrum voor Beeldende Kunst. . Fol. 5, s. 212. Mei Klaas Koopmans, ek in learling fan Kloek, Pier Feddema, Sjoerd Huizinga en Jan Frearks van der Bij rjochte er yn 1948 de keunstnersgroep Yn'e Line op. Sy eksposearren as groep ûnder oare yn de Mangelgang yn Grins (1952) en de Prinsetún yn Ljouwert (1954). G. Struiksma, "Debuut van Yn 'e Line verdient de aandacht", Friese koerier, 22 oktober 1954. Mei in tal oare keunstners, ûnder wa Chris Fokma, Jentsje Popma en Jan Murk de Vries wiene, foarmen sy yn de twadde helte fan de jierren 50 de nije groep It Frysk Palet. Ek wied er lid fan it Boun fan Fryske kunstners.

Rusticus bleau wurkjen by de stienhouwerij en wie yn syn frije tiid aktyf as keunstner. As byldhouwer wie er autodidakt; hy makke yn 1954 syn earste wurk fan in stien dy't er op stienhouwerij fûn. Under de tochten dy't er as fertsjintwurdiger makke, makke er in soad sketsen, dy't er letter útwurke ta houtfiken of yn semint. "JAAP RUSTICUS: steenverkoper, graficus, kunstschilder, beeldhouwer en houtsnijder : Zwerftochten door Friesland leveren schetsboeken vol", Ljouwerter Krante, 16 jannewaris 1960. Dêrneist makke er ûnder oare doopfonten, lito's, mozaieken, skilderijen, skulptueren, sgrafitto en wandskilderingen.

Yn augustus 1972 wie Rusticus mei fakânsje op It Amelân. Hy rekke swier ferwûne by in wynhoas op Kemping Duinoord en ferstoar in oantal dagen letter yn it Sint Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert. "Jaap Rusticus uit Buitenpost derde slachtoffer Ameland", Leeuwarder courant, 14 augustus 1972.Timo Jepkema, "50 jaar na de windhoos: "Het centrum van de windhoos kwam over ons tenthuisje heen"", Omrop Fryslân, 1 juli 2022. Hy waard 59 jier.

Galery Kar-út:

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk grafikus Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Persoan berne yn Bûtenpost Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1972