Wiepkje van Assen (folút: Wiepkje Agatha van Assen-Reddingius; Ingelum, 12 septimber 1780 - Harns, 15 novimber 1824) wie in Frysk dichteresse.

Libben en wurk Van Assen waard yn 1780 berne yn it doarp Ingelum, yn Menameradiel, dêr't har heit, Regnerus Petrus Reddingius dûmny wie. Se troude op 25 maaie 1803 mei de Harnzer apteker Ernst van Assen. Wiepkje van Assen waard benammen bekend trochdat se yn 1822 fiif Frysktalige gedichten bydroech oan in twatalige blomlêzing fan Harnzer dichters mei as titel Proeve van Dichterlijke Mengelingen. Har bekendste gedicht wie ’t Duwke, dêr't letterkundige Philippus H. Breuker yn 1980 in artikel It Foarbyld fan Wypkje van Assen har '’t Duwke''' oer publisearre it tydskrift Ut de Smidte'' (jiergong 14, nûmer 3, side 26).

Kategory:Frysk dichter Kategory:Persoan berne yn Ingelum Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1780 Kategory:Persoan stoarn yn 1824