thumb|right|300px|Klaske Hiemstra thumb|right|300px|Klaske Hiemstra Klaske Hiemstra (Vledder, 24 febrewaris 1954), is in Fryske skriuwster.

As bern fan Fryske âlden groeide se twatalich op. Fan har achtste jier ôf publisearre se (yn it Nederlânsk) op de berneside fan de Friese Koerier. By har stúdzje Nederlânsk keas se Frysk as byfak. Se begûn pas Frysk te praten yn 1997 doe't se frege waard om as skriuwster sit te nimmen yn it Skriuwersboun. Sûnt 31 desimber 2009 is Klaske Hiemstra fêste kollumniste by de ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging, www.itnijs.nl.

Wurk Romans Retoer Skylge (2004) in heal en heal autobiografysk roman oer it ferskynsel "bylden fan it ûnbewuste". It rinnen fan Silke (2006), in roman oer in studinte rjochten dy't yn grins wennet en dermei libje moat dat har mem komt te ferstjerren. Sy docht al it mooglike om út de tizeboel te kommen dy't har gefoel tjirget.

Mearkes De bok, it gouden aai en de sân ravens (1996), befettet it ferhaal "It lân fan altyd snein" dêr't Klaske Hiemstra de tredde priis mei wûn. It is in mearke, lykas: "Eilânreis", dat ferskynde yn 2007. Yn dit ferhaal giet in famke mei har geastlik handikapte suske op stap om de mem te sykjen. It is in symboalyske reis. As yn de measte mearkes rint it goed ôf.

Dichtwurk De skaadfrou, (2003).

Keppelingen om utens De kollums op it nijs Hiemside Klaske Hiemstra (argivearre) DBNL-profyl

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk mearkeskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk mearkeskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1954